Trần Đại Quang
Appearance
- N.B.: Dit is in Fjetnameeske namme. De famyljenamme is Trần, de middelnamme is Đại, en de foarnamme is Quang. Utsûnderingsgefallen bûten beskôging litten, is it wizânsje om lju mei in Fjetnameeske namme oan te tsjutten mei de foarnamme.
Trần Đại Quang (Kim Son, 12 oktober 1956 – Hanoi, 21 septimber 2018) wie in Fjetnameesk politikus. Hy wie fan 2016 oant syn ferstjerre yn 2018 de presidint fan Fjetnam.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trần Đại Quang wie sûnt de jierren tachtich lid fan de Kommunistyske Partij fan Fjetnam. By de Fjetnameeske presidintsferkiezingen fan 2016 waard er mei 452 stimmen (91,5 %) keazen troch it 'heechste orgaan mei steatsmacht' (Quốc hội Việt Nam).[1] Fan 2011 oant 2016 wie er minister fan Iepenbiere Feilichheid. Op 2 april 2016 waard er presidint fan de republyk.
Yn 2018 stoar Quang hommels yn de âldens fan 61 jier oan in net bekendmakke sykte.[2][3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|