Toutenburch (doarpshûs)

Ut Wikipedy

Toutenburch is it doarpshûs mei sportseal fan Boerum oan de Meihuizenstrjitte. Ien fan de sealen is de Foekje Dillemaseal. By it doarpshûs is yn de hjerst ek de jierlikse merke. Ek Aldjiersnacht is it doarpshûs iepen. Op 14 april 2012 waard it fyftich-jierrich bestean fan it doarpshûs en it fiifentweintich-jierrich jubileum fan Renze Poortinga as doarpshûsbehearder fierd.