Springe nei ynhâld

Toskdo

Ut Wikipedy
toskdo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai lytse dodo's (Didunculus)
soarte
Didunculus strigirostris
Jardine, 1845
IUCN-status: krityk

De toskdo (Didunculus strigirostris) is in fûgelsoarte fan it skaai lytse dodo's (Didunculus) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae). De fûgel is endemysk op 'e eilannen fan Samoä, dêr't it de nasjonale fûgel is. De toskdo wurdt mei útstjerren bedrige en de lêste rûzings geane fan sa'n 100 fûgels út.

Yllustraasje fan John Gould.

De toskdo is in middelgrutte, likernôch 31 sm lange do mei readeftige poarten en in reade ring om it each. De búk, de kop en de nekke binne griiseftich mei blaugriene irisaasje. De sturt en de wjukken binne readbrún, wylst it boppebealchje en it boarst en de búk swartgrien binne. De do hat in grute, parkyteftige snaffel mei toskeftige útsteksels op 'e ûnderkaak. Mantsjes en wyfkes ferskille net fan inoar en jonge fûgels ha wat minder sprekkende kleuren en in swarte snaffel mei wat oranje by de basis.

Genetysk is de toskdo besibbe oan 'e útstoarne dodo en de namme fan it skaai bestjut 'lytse dodo'. De fûgel wurdt dêrfandinne ek wol de lytse dodo fan Samoä neamd.

Toskdowen libje yn 'e reinwâlden fan 'e eilannen Savaii en Upolu oant 1600 m boppe seenivo en oan boskrannen by iepen plakken yn it bosk. Betingst is dat der noch grutte beammen op dy iepen plakken steane.

Sûnt de jierren 1980 is bekend dat de jacht en de ferneatiging fan it biotoop grutte gefolgen hie foar de populaasje. Yn dy tiid waard it tal toskdowen noch op 3.200 op Upolu en 4.800 op Savaii rûsd. De sykloanen fan 1990 en 1991 ferneatigen in grut part fan it leefgebiet fan 'e toskdowen. De ûntwoartele beammen droegen gjin frucht en soargen foar brek oan iten. De delgong gie doe hurd: yn 2000 wiene der noch sa 2.500 fûgels en yn 2006 noch mar 500. Njonken it ferlies oan biotoop foarmje ek de jacht en yntrodusearre rotten en katten in grutte bedriging.

Sûnt 2006 is der in plan foar it behâld fan 'e soarte, dat stribbet nei it behâld fan it biotoop, it ferbetterjen fan 'e bosken en de behearsking fan rôfdieren. Dêrnjonken wurdt ek de fersprieding fan dysoxylum ûndersocht, om dêrmei de noch restearjende gebieten mei in hege tichtens fan dy beammesoarte fêst te stellen.

Der is net in soad bekend oer de fûgel, mar der wurdt oannommen dat er de fruchten fan 'e dysoxylum yt. Syn parkyteftige snaffel brûkt er om fan 'e hurde fruchten te iten.

Der wurdt tocht dat de fûgel eartiids it nêst op de grûn boude, mar dat de fûgel fanwegen ynfierde rotten en bargen hjoed-de-dei it nêst yn beammen boud.

Fotografearre toskdo yn 1901
Augustin Kramer (1865-1941).

De toskdo libbet yn in beheind gebiet en dat makket de kâns op útstjerren grut. De populaasje bestiet út likernôch 100 fûgels, ferdield oer twa eilannen. Der bestiet gjin populaasje, dy't yn finzenskip fokt wurde kin.

De mortualiteit ûnder jonge fûgels is heech. Der wurdt fan útgien dat de lêste rûzings fral út âldere fûgels bestie. Pas yn 2013 waard wer ien jonge fûgel sjoen yn it leechlân fan Savaii.

De IUCN hat de fûgel as krityk op 'e Reade list set.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Tooth-billed pigeon (ferzje 16 april 2024)