Tjitske Sijtsma

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Tjitske Sijtsma (Hallum, 25 desimber 1986) is in Frysk dichteresse.

Tjitske Sijtsma woeks op yn har berteplak, dêr't hja oant har 18e jier wenjen bleau, Hja waard twatwatalich grutbrocht. Har Fryske identiteit bliek ûnder oaren út de prizen dy't hja wûn: in gedicht foar de Slauerhoff Poëzijpriis 2004 en de Rely Jorritsma (Junior) 2005. Ek by de foarrondes fan Keunstbende 2005 wist hja in priis yn de wacht te slepen yn de kategory taal, dizze kear mei in Nederlânsk gedicht.

Tjitske siet seis jier lang op it Kristelik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert. Nei it beheljen fan har diploma keas hja foar de stúdzje Skandinavyske Talen en Kulturen oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Op dit stuit (simmer 2006) docht hja mei oan in útwikselingsprojekt fan de Erasmusbeurs en sil it stúdzjejier 2006/2007 yn Trondheim, Noarwegen har stúdzje foartsette. Op dizze wize wol hja besykje har it Noarsk mear eigen te meitsjen.