Tjerk Luitjes

Ut Wikipedy
Tjerk Luitjes, yn 1903 tekene troch Co Breman

Tjerk Luitjes (Putten, 18 july 1867 - Blaricum, 15 septimber 1946) wie in Nederlânsk anargist. In part fan syn wurk is publisearre ûnder it pseudonym Travailleur.

Libben en wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Luitjes waard yn Putten berne as soan fan plysje David Luitjes en Margaretha Smit. De húshâlding herhuze nei Grins, dêr't de heit berne waard. Tsjerk waard grut yn Grins en gie al mei jonge jierren by de sosjalistyske jeugdbeweging en waard dêr lid fan it Sosjaal-Demokratyske Bûn (SDB). Mei Jan Schaper rjochte er yn 1890 it satiryske wykblêd De Socialist op, dat mar in stik as wat moannen ferskynde. Luitjes syn folgjende blêd wie De Volkszaak, dat er de nije namme De Arbeider joech.
Wilens wie er ferhuze nei Sappemeer en rjochte yn begjin jierren njoggentich fan de 19e iuw in protte ôfdielings fan de SDB op yn East-Grinslân. Luitjes wie tsjinstanner fan de parlemintêre demokrasy. It slagge him om yn 1893 troch middel fan de saneamde motie Hoogezand-Sappemeer it krystkongres fan de SDB de útspraak dwaan te litten dat meidwaan oan de ferkiezingen net tastien wie. Dat wie de direkte oanlieding foar syn tsjinstanners om it jier dêrop de Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij (SDAP) op te rjochtsjen. Luitjes syn eardere meistriders sa as Schaper en Spiekman sieten him dêrnei sa dwers yn Grinslân, dat er yn 1895 ferfarde nei Swol en dêrnei nei Arnhim.
Hy waard dêr útjouwer fan De Volksvriend, mar sûnder altefolle súkses. Yn Amsterdam begûn er in fegetarysk restaurant. Lang om let fêstige er him yn 1900 yn Blaricum.
Hy sleat him oan by de kristen-anargistyske lânboukoloanje, mar krige dêr skeel mei oare bewenners. Hy waard wol in soad frege foar sprekbeurten foar de anargistyske beweging, ek yn syn eardere wurkgebiet East-Grinslân. Nei 1910 naam er wat ôfstân fan it anargisme en keas er foar de parlemintêre demokrasy. Dat late letter wol ta it ferbrekken fan de bân mei Domela Nieuwenhuis, mar Luitjes bleau wol belutsen by de frijtinkersferiening De Dageraad. As oannimmer fertsjinne Luitjes safolle jild dat er nei de Earste Wrâldkriich mei in 'wenauto' troch Europa reizgje koe.

Luitjes wie 31 july 1894 yn Arnhim troud mei de yn Monnikendam berne Geertruida Maria (Trui) Visscher. Sy namen twa bern oan fia it Leger des Heils. Luitjes stoar yn 1946 yn de âldens fan 79 jier yn Blaricum oan in oerdoasis ferdôvjende middelen.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Houkes, Jannes, Travailleur: een politieke biografie van de Groninger anarchist Tjerk Luitjes 1884-1910. De Arbeider, Groningen, 1985
  • Luitjes, Tjerk, Over de grondprincipen van christendom en anarchie als tegenstellingen. Grentzebach, Bussum, 1902
  • Luitjes, Tjerk, Theorie en practijk van binnenlandsche kolonisatie. Grentzebach, Bussum, 1902

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: