Springe nei ynhâld

Tjeerdsmastate

Ut Wikipedy

Tjeerdsmastate is in yn 2010 nijboude state oan de Noardermiedwei by Hallum yn Ferwerderadiel.

Yn it doarp stienen eartiids folle mear states: Goslingastate (oant 1860), de Offingaburch (oant 1738) en Sythiemastate. Bûtenút stienen fierder noch Feitsmastate, de Gerbada- of Doumastate en Jongestalstate of it Hûs fan Berou. Tjeerdsmastate is boud op it stee fan in eardere pleats en boud nei in eigen ûntwerp troch Homme Tjeerdsma fan Hallum. Der is serieus sjoen nei de gegevens oer stinzen en dy gegevens binne der soarchfâldich yn ferwurke.

De stinstoer is oplutsen út melearre kleastermoppen; de fleugels binne fan lytsere bakstien, yn ljocht en donkerread sadat it liket oft yn ferskillende perioades tafoege binne. De fleugels binne ûngelyk oan de toer lipke sadat der romte is foar in halfinsterke. Yn de fleugels steane oan toerside inkele finsterkes, soms op ûngelikense hichte. Fierders binne der grutte finsters mei boppeljochten mei lytse roeden sa’t dy om 1900 wenst wienen. It hiele gebou docht tinken as oft de stins yn de rin fan de skiednis syn oansjen krigen hat. By de geveltoppen binne rollagen mitsele en lytse skouders foarme. Dakgoaten binne der net sadat der in frije ôfdrip is.

By de yngong is in nijboude stinzepoarte komd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Peter Karstkarel, Tjeerdsmastate zorgvuldige namaak. Ljouwerter Krante 16 july 2010