Tjûmen
Tjûmen | ||
Ferlossertsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Oblast (prov.) | Tjûmen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 855.618 (2023) | |
Oerflak | 490,82 km² | |
Befolkingsticht. | 1.743,24 ynw./km² | |
Hichte | 102 m (sintrum) | |
Oar | ||
Stifting | 1586 | |
Tiidsône | UTC +5 | |
Simmertiid | gjin simmertiid | |
Koördinaten | 57° 09' N 65° 32' E | |
Offisjele webside | ||
tyumen-city.ru | ||
Kaart | ||
Tjûmen (Russysk: Тюмень) is in stêd yn West-Sibearje, Ruslân. It is it haadplak fan 'e oblast mei deselde namme en wat oerflak oanbelanget de grutste stêd fan Ruslân. It ynwennertal fan Tjûmen nimt tige hurd ta. Tjûmen leit oan it Trans-Sibearyske spoar en oan 'e rivier de Toera.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tjûmen is de âldste stêd yn Sibearje en waard yn 1586 stifte as fort tsjin de steppenomaden. It lei net fier fan Tsjingi-Toera, de âlde haadstêd fan it troch de troepen fan de tsaar oermastere kanaat Sibir. De namme Tjûmen is ôflaat fan it troch de Russen oernommen Mongoalske begryp 'Tümen', dat 10.000 betsjut.
Sûnt de 17e iuw wie Tjûmen in belangryk oerslachpunt op de hannelswei fan Sibearje nei Sjina; Tjûmen waard in hannelssintrum dêr't ambachten bloeiden. Sûnt 1709 foel Tjûmen ûnder it gûvernemint Sibearje. It plak krige yn 1782 stedsrjochten en waar yn 1796 in ûjezd yn it gûvernemint Tobolsk.
Yn 'e 19e iuw kaam de skipfeart oer de Toera op gong ; ek krige de stêd in spoarferbining mei Jekaterineburch. Tjûmen koe him doe as in sintrum foar de skipsbou, houtferwurking en fiskerij ûntwikkelje. Ek de produksje fan kleden brocht in soad foarútgong. Alle jierren waard simmerdeis yn Tjûmen ien fan 'e grutste jiermerken fan Sibearje holden. De stêd waard yn 'e 19e iuw ek in tuskenstasjon foar ferballe minsken. Yn Tjûmen waarden se registrearre, ear't se trochstjoerd waarden nei it definitive plak yn Sibearje.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it balseme lichem fan Lenin út it Moskouse Lenin-mausoleum nei Tjûmen brocht. Op 14 augustus 1944 waard de stêd it sintrum fan 'e nij foarme oblast mei deselde namme.
De stêd groeide nei de Twadde Wrâldkriich tige hurd, fan minder as 80.000 yn it jier 1939 oant 475.000 yn it jier 1989. Oars as mei in soad oar stêden yn Ruslân, sette de groei fan it tal ynwenners ek troch nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1897 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 29.544 | 79.205 | 150.195 | 268.526 | 358.992 | 476.869 | 510.719 |
Jier | 2010 | 2019 | 2022 | ||||
Ynwenners | 581.907 | 788.666 | 828.600 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tjumen
|