Schweiger woeks yn Heuchelheim yn de Dútske dielsteatHessen op as de middelste fan trije bruorren. Hy gyng nei de Herderschule Giessen, dêr't syn heit as learaar wurke; syn mem wie learares skiednis. Nei skoalle moast er yn tsjinst; yn dy tiid wied er û.o. yn Nederlân legere. Nei in skoft wegere Schweiger tsjinst en foar ferfangende tsjinstplicht yn in sikehûs ynset. Hy folge ferskillende stúdzjes sûnder dy ôf te meitsjen en yn 1986 sette er útein mei in toanieloplieding yn Keulen.
Nei't it ôfmeitsjen fan de toanieloplieding wurke er sûnt 1989 yn in teäter yn Bonn. Yn de jierren 1990 waard Schweiger bekend mei bioskoopfilms lykas Manta, Manta, Der bewegte Mann en Knockin' on Heaven's Door. Dêrnei hied er rollen yn ynternasjonale filmproduksjes lykas bygelyks Inglourious Basterds. Ek rjochte er syn eigen produksjefirma Barefoot Films op. Hy skreau it skript en wie regisseur fan Keinohrhasen, Kokowääh en Honig im Kopf, films dy't miljoenen minsken seagen en him ta de meast súskesfolle Dútske filmmakker makken.
Ek skriuwer en produsint; Bambi-ûnderskieding bêste film
Deuce Bigalow: European Gigolo
Feriene Steaten
Heinz Hummer the Gigolo with the most below
2006
Bye Bye Harry!
Dútslân
Gantcho
One Way
Dútslân
Eddie Schneider
ek produsint
Wo ist Fred? (Where Is Fred?)
Dútslân
Fred Krüppers
Jupiter foar bêste akteur
2007
Body Armour
Austraalje / Dútslân / Feriene Steaten / Spanje
John Ridley
Keinohrhasen
Dútslân
Ludo Decker
ek skriuwer en produsint; Ernst-Lubitsch-priis foar bêste comedy; Bambi foar de bêste film; Deutscher Comedy-priis foar de bêste comedy; Jupiter foar de bêste film; DIVA–ûnderskieding foar de bêste film