Springe nei ynhâld

Tijepoel

Ut Wikipedy

De Tijepoel is in poel of marke yn de gemeente Achtkarspelen. De poel leit súdwest fan Droegeham. It puoltsje hat net in protte wetter mear; der is in proses fan ferlânjen yn set mei it opinoar folgjen fan de reidsigaar (Typha L.), wylgen en elzen. Foarby it puoltsje is in wyldernis ûntstien.

It is in smûk plakje wurden mei in soad einen, de komme ek harten om te drinke. Fisken ûntbrekke, wierskynlik troch de laach drabze dy op de boaiem leit. Der bliuwt sa winters mar in lyts bytsje soerstof oer ûnder it iis, yn it dochs al net sa djippe wetter. De djipte wurdt skat op sa'n meter en dan noch in (pear) meter modder op de boaiem.

De grûn rûnom is net mear gaadlik om te bewurkje om't dy fuort sakket rjochting it wetter. Tusken de beammen binne der sa neamde driuwtillen of -pôlen, wêr't jo ferriedelik troch hinne sakje kinne.

De namme Tijepoel jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme.

Yn dit gebiet, om De Harkema hinne, lizze wol mear fan soksoarte puoltsjes. Guon yn bettere kondysje as oare.