Springe nei ynhâld

Tiffany Towers (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
Tiffany Towers
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tiffany Amarziano
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 19 desimber 1971
berteplak Toronto (Ontario)
etnisiteit Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19912001 & 20052006
offisjele webside
www.tiffany-towers.com

Tiffany Towers, echte namme: Tiffany Amarziano (Toronto, 19 desimber 1971), is in rêstend Kanadeesk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Italjaansk komôf. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har pornokarriêre 1.57 m, mei in gewicht fan 50 kg. Hja stie fral bekend om har grutte boarsten (kupmaat 55GG), dy't se krigen hie troch ferskate boarstfergruttingsoperaasjes te ûndergean.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tiffany Towers waard yn 1971 berne yn Toronto, de haadstêd fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario. Se sette yn 1991, doe't se tweintich jier wie, útein mei te wurkjen as eroatysk dûnseresse yn in stripklub yn 'e Kanadeeske haadstêd Ottawa. Datselde jiers die se yn 'e fideo Girls of Daytona (opnommen yn it Floridiaanske fakânsje-oard Daytona Beach) mei oan in wet T-shirt-wedstryd, wêrmei't se de oandacht loek fan it foaroansteande neakenblêd Score, dat him konsintrearret op romboarstige modellen. Sadwaande begûn se doe ek neaken te posearjen foar Score en ferskate oare blêden, wat har tige populêr makke ûnder de manlike lêzers.

Yn 1992 makke Towers har debút yn in pornografyske film. Yn totaal spile se ûnder har karriêre neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 46 films, wêrûnder teminsten 6 dêr't se inkeld yn stripte, en nochris 3 wêryn't se inkeld lesbyske seks bedreau. Se wurke in protte foar de labels Big Top Video en Leisure Time Entertainment, mar die ek ferskate kearen mei oan films fan 'e studio Seymore Butts Home Movies. Hoewol't se yn 2001 ophold mei har aktear- en modellewurk en har boarsten ferlytsje liet, gie se noch troch mei te dûnsjen yn in stripklub yn Toronto. Yn 2005 makke se in comeback as pornoaktrise yn 'e film Deep Tush, fan 'e Amerikaanske akteur/regisseur/ produsint Seymore Butts, wêrnei't se yn 2006 noch ferkynde yn 'e lesbyske pornofilm Lusty Busty Babes, fan it label Starr Productions, foar't se har foargoed út 'e pornoyndustry weromloek.

Wat har priveelibben oangiet, is oer Tiffany Towers bekend dat se yn har frije tiid frijwilligerswurk docht by in biste-asyl, en dat se in grutte kolleksje reade wyn besit. Der waard nei har ferwiisd yn 'e Hollywood-film The Game, út 1997, yn 'e sêne wêrby't Michael Douglas himsels ferskûlet op 'e efterbank fan 'e auto fan James Rebhorn, en Rebhorn oer in befeiligingsbeämte seit: "Hy eaget ús oer as wied er Tiffany Towers."

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: