Springe nei ynhâld

Tiete fan Hettinga

Ut Wikipedy

Tiete fan Hettinga (Teroele, 1520 - 31 oktober 1580) wie de âldste soan fan haadling Walte fan Hettinga (1483-1560) en Dieuwer N. fan Wikel.

Tiete kaam fan Teroele en wie legerkaptein. Op 7 maart 1580 wie Tiete waarnimmend grytman fan Doanjewerstâl. Hy waard nei alle gedachten deasketten op 31 oktober 1580. Yn 1562 prosedearre Abbe Jellesz fan Nijlân foar de erfgenamten fan Benedictus Seerps tsjin Beneditus en Tiete Waltes (Hettinga). Yn 1570 wurdt hy neamd as Tiete Waltes Hettinga. Yn 1578 waard Tiete oanslein yn Teroele. Hy wie foud oer de bern fan Tiete (Epes) Hettinga by Hyl fan Galama. Yn 1581 waard hy boppedat neamd by Epe fan Galama (Waaksens), Auck fan Galama, frou fan Wybrant Ailua (Ginnnum), Tryncke fan Galama (Drylts) en Tiete Waltes as foud oer de weesbern fan wilen Tiete Hettinga by Hyl fan Galama, erfgenamten fan Jelthie fan Galama, kontra Mr.Hendrick Geldorp en Aelcke Oenedochter.

Tiete fan Hettinga ferstoar sûnder bern, syn broer Epe urf de state yn Teroele.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: