Springe nei ynhâld

Tonger (god)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Thor)
Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.


Tonger yn striid mei Reuzen
Mårten Eskil Winge (1825-1896)
Thor wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Thor (betsjuttingsside).

Tonger (Nederlânsk: Donar, Noarsk: Thor, Aldingelsk Þunor is de god fan de tonger. By de eardere Friezen wie Tonger de god dy't mei de natuerkreften te meitsjen hie.

Syn namme jout sels al oan mei hokker krêften Tonger yn ferbining brocht waard. Hy stie bekend as de fruchtberheidsgod of de god dy't de natuer hieltyd wer fernijt. Foar de Friezen wie it ien fan de wichtigste goaden dêr't ús dei fan de wike, de Tongersdei (yn it Aldfrysk: Thunresdei of Thunersdei) fan ôflaat is. By sawol de iere Friezen as de Saksen hiet Tonger, Thuner.

De hammer fan Tonger

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat de Fryske god Tonger spesifyk oangiet binne wy tige min ynformearre, omdat de Friezen út it tiidrek fan de tsjustere midsiuwen yn de 7e en 8e iuw harren goaden loslieten en oerstapten op it Kristlike leauwen. Fan dy perioade is amperoan wat bekend omdat skriftlike boarnen ûntbrekke. Foar mear ynformaasje moatte wy liene by oare Germaanske folken dêr't wol mear fan bekend is, benammen fan de Noarske Germanen.

Yn de Edda, dêr't de Noarske mytology yn beskreaun wurdt, komt Tonger nei foaren as de wichtichste ûnder alle goaden en jildt hy as beskermhear fan sawol goaden as minsken (Asgaard en Midgard). Op in wein lutsen troch twa bokken, rydt hy troch de loft.

Tonger mei hammer, Yslânske foarstelling út de 18e iuw

As ienige ûnder de goaden beskikt Tonger oer in machtich wapen, nammentlik syn hammer dy't nei alle wurpen by him weromkomt. Dat wapen makket him gefaarliker foar syn fijannen. As Tonger syn hammer smyt ûntstiet der wjerljocht. Dwergen soenen dat machtige wapen foar him smeid hawwe.

De hammer is it symboal om oarder te bringen. Tonger skept op syn wize oarder yn de wrâld fan de Friezen dy't eartiids noch hiel ticht ferbûn wienen mei de natuer. De hammer fan de rjochter of fan in foarsitter is dan ek in oerbliuwsel út de Germaanske kultuer en giet werom op de hammer fan Tonger.

In stikje fan de ferneatiging fan Tongers iik troch Bonifatius fan The Little Lives of the Saints (1904), tekene troch Charles Robinson
  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 41.