Springe nei ynhâld

Mårten Eskil Winge

Ut Wikipedy
Mårten Eskil Winge
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Sweedsk
berne 21 septimber 1825
berteplak Stockholm
stoarn 22 april 1896
stjerplak Enköping
wurkpaad
wurksum as Skilder, yllustrator, learaar
streaming Sweedsk symbolisme

Mårten Eskil Winge wie in Sweedske keunstner en yllustrator. Hy wie professor oan de Keninklike Sweedske Keunstakademy. Hy waard assosjearre mei de skilderskoalle fan Düsseldorf. Syn keunst waard beynfloede troch tema's út de Noarske mytology dy 't ek te finen wiene yn wurken fan Nils Blommér (1816-1853) en Carl Wahlbom (1810-1858 ). [1] [2]

Mårten Edrukking Winge wie de soan fan rektor en dûmny Isaac Martin Winge en Andrietta Sophia Rothman. Winge waard oplaat oan de katedraalskoalle fan Uppsala en slagge yn 1846 foar syn studinteksamen. Dêrnei gong er yn de lear as skilder by P.E. Wallander yn Stockholm. It jier dêrnei skreau er him yn oan de Keninklike Sweedske Akademy foar Skiene Keunsten. Wylst er dêr studearre, wurke er op it postkantoar en skildere er portretten om troch de tiid te kommen.
Al mei jonge jierren wied er ynteressearre yn 'e âlde Noarske sêgen en by syn stúdzje lutsen syn detaillearre tekeningen oer Noarske ûnderwerpen omtinken.
Hy ûntwurp ûnder oare yllustraasjes foar it wurk Nordens guder fan Adam Oehlenschläger en foar it gedicht Fosterbröderna fan kroanprins Karl. Tegearre mei syn stúdzjefreon August Malmström rjochte Winge him op in Sweedske fariant fan it symbolisme.

Yn 1856 waard Winge learling fan Johan Christoffer Boklund oan de nije skilderskoalle fan de Akademy foar Skiene Keunsten. It jier dêrnei krige er in keninklike medalje foar syn wurk Karl X Gustav oan it stjerbêd fan Axel Oxenstierna. Winge krige in beurs dêr 't er fia Düsseldorf nei Parys reizgje koe, dêr 't er yn it Louvre skilderijen fan Peter Paul Rubens kopiearre. Op 'e weromreis berikte er Rome yn 1859 foardat er yn 1863 weromkaam nei Sweden.

Yn 1864 waard Winge keazen ta lid fan de keunstakademy en nei ferskate ûnderwiisopdrachten krige er koart dêrnei de titel professor. Yn 1865 iepene er syn eigen skilderskoalle yn syn atelier. Yn 1877 ûndernaam Winge in twadde reis nei Italië, dy 't him in skat oan ynspiraasje opsmiet.

Yn 1867 troude er mei tekstylkeunstneres Hanna Winge, berne Tengelin (1838-1896). Sy wie in sjenreskilderes en meioprjochtster fan de hantwurksliedeferiening Handarbetets vänner ('Freonen fan it Hânwurk'). [3]

Winge stoar yn 1896 yn Enköping.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Mårten Eskil Winge (1825-1896)". bukowskis.com.
  2. G. Thomæus. "Nils Jakob Olsson Blommér". Svenskt biografiskt lexikon.
  3. "Winge, Mårten Eskil". Svenskt biografiskt lexikon (yn 't Sweedsk). Vol. 10. 1907. siden 634–37.