Thijs Trompert

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Byldbank
Metamorfoaze Larve

Thijs Trompert (1980) is in byldzjend keunstner út Amersfoart. Studearre byldhouwen oan de keunstakademy yn Kampen. Hy is lid fan Pulchri Studio yn De Haach en hie dêr yn 2005 in solo-eksposysje. Yn syn wen- en wurkplak Amersfoart is faak wurk fan him te sjen. Die ûnder oare mei oan it Pornofestival en it Paradysprojekt.

Syn measte wurk is foar bûten, yn de iepenbiere romte. Hy wol him yn syn fyzje net ôfremje litte troch te brûken materialen. It wurk ûntstiet fanút it materiaal, of de materiaalkar ûntstiet fanút it wurk.

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Byldbank, oan de Grutte Koppel op de hichte fan takomstige Iemplein, 2010
  • De Bolle fan Amersfoart, 2007 en 2011
  • King of The Road trofee, 2008
  • Twadde Hûd, Rietveld Paviljoen De Zonnehof, 2007-2008
  • Ferpopping, 2007
  • Hûn, 2006
  • Euphatoris Gracilicornus, 2005
  • Metamorfoaze Larve, 2005

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]