Thiadsvind
Thiadsvind (677 - ?), faak oantsjut mei de namme dy't de Franken foar har hiene: Theudesinda of Theudesinde, wie in dochter fan 'e Fryske kening Redbad. Sy troude yn 711 mei Grimoald[1], âldste oerlibbene soan fan Pippyn fan Herstal, hofmeier fan 'e Franken, as besegeling fan de frede tusken Friezen en Franken nei in tiidrek fan oarloggen. It houlik waard sletten troch Willibrord, de aartsbiskop fan de Friezen[2]. It is net wis oft sy en har man yn de trije jier fan harren houlik (Grimoald waard yn 714 yn de omkriten fan Maastricht fermoarde troch politike tsjinstanners) bern krigen hawwe.
Neiteam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De primêre boarnen jouwe fierders gjin ynformaasje oer har. De Redbadelingen soenen fia har ôfstamje moatte fan kening Redbad. Der binne lykwols gjin boarnen dy't sa'n besibbenens befêstigje of tsjinsprekke kinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|