Springe nei ynhâld

Oerlis:Thiadsvind

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

"Nei alle gedachten stamme fia har de saneamde Redbadelingen ôf fan kening Redbad." Hoe kin dit "nei alle gedachten" wêze at de boarnen it hielendal net hawwe oer de neiteam fan Redbad? Aliter 21 maaie 2008, 01.06 (CEST)

De boarnen dy't yn it artikel neamd wurde hawwe it fansels net oer it neiteam. De ferhalen oer de saneamde ôfstammelingen is fan lettere tiid. Fan ferskate persoanen is bekend dat sy seine ôf te stammen fan Redbad, û.o. de greven fan Hollân. Yn alle gefallen liket my ta dat "nei alle gedachten" yn it artikel op syn plak is, want wêr oars moat syn neiteam weikomme--Geoffrey 10 okt 2008, 19.40 (CEST)[beäntwurdzje]

Krekt: Wy hawwe neat as it wurd fan Hollânske graven dy't in rjocht op Fryslân jilde litte woenen dat de neiteam fan Redbad fierder gong as de generaasje fan Thiadsvind. Mûglik, mar "nei alle gedachten" is it net. Aliter 10 okt 2008, 20.10 (CEST)[beäntwurdzje]

Wy hawwe ek noch it wurd fan guon skiedkundigen, dat it kin alle kanten op. Mar krekt wêr't wy de klam op lizze wolle. Sjoch wy ha ek de noch de ferwizing nei de Rebadelingen, dêr wurdt ek útlis jûn--Geoffrey 10 okt 2008, 20.46 (CEST)[beäntwurdzje]

It kin yndie alle kanten op. Mar sa't wy it no skriuwe nimt eltsenien oan dat it mar ien kant op kin, dat it wier sa is. At wy it hjir beheine oant dat hja fan har ôfstamje moatte soenen, dan kin by de Redbadelingen de nuânse wol komme fan dat de skiedkundigen it der net oer iens binne, mar dat it mûglik sa is. Mar "nei alle gedachten" is it net. Aliter 11 okt 2008, 00.04 (CEST)[beäntwurdzje]

Doch mar en fiel jo frij--Geoffrey 11 okt 2008, 08.36 (CEST)[beäntwurdzje]