Springe nei ynhâld

Theunis Eintes Teunissen

Ut Wikipedy

Theunis Eintes Teunissen (Dantumawâld, 19 desimber 1901 - Frjentsjer, 27 augustus 1966) wie in auteur en fersekeringsagint.

Teunissen krige bekendheid troch it gearstallen fan it boek 'Ald Dantumadiel, De Dokkumer Wâlden', dat yn 1939 ferskynde. Theunis Eintes Teunissen siet mei dûmny J.J. Kalma en G.J. Ekkers yn it bestjoer fan 'Us Striid', dat it 'Frysk Nasjonale moanneblêd' útjoech, dêr't it earste nûmer fan yn maart 1933 ferskynde. Ek siet hy yn it bestjoer fan de Jongfryske Mienskip. Theunis learde foar ûnderwizer mar sakke foar it eksamen. Hy gie yn 1920 as kantoarman nei Ljouwert, mar rillegau waard hy yn Dantumawâld de opfolger fan syn heit as fersekeringsagint fan De Nederlanden van 1845. Teunissen bleau yn it âldershûs oan de Doniawei wenjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: