Theresiahûs

Ut Wikipedy

Soarchsintrum Sint Theresia is in soarchsintrum oan de Titus Brandsmawei 62 op De Jouwer.

Kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Theresiahûs yn 1934

Oan de ein fan de jierren '20 fan de tweintichste iuw ûntstie yn de H. Mattheüsparochy de winsk om in thús de bouwen foar âlde parochyleden. Nei in grutte skinking fan jild en grûn troch de widdo Wytske Tadema waard yn 1930 it ‘St. Theresiahûs’ iepene mei Wietske Tadema as earste bewenster. Yn dat jier kamen achttjin susters fan kongregaasje fan Sint Jozef út Amersfoort nei De Jouwer. It tehûs wie tagelyk in kleaster foar de susters.

De susters joegen beukerûnderwiis en rjochten in roomske húshâldskoalle en naaiskoalle op. Fan 1949 ôf joegen se foarmingskursussen oan famkes dy't by Douwe Egberts wurken. Yn 1958 kaam der ek in oplieding foar âldereinhelpsters en - fersoarchsters.

Utwreidings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1956 waard it ‘Sint Theresiahûs’ ferboud en útwreide. Der kamen keamers foar âlderein en in kapel en in refter foar de susters. Yn 1959 waard oan de Wietske Tademaleanen nije fleugel oanboud mei in tuskengong as ferbining mei it âlde gebou.[1] Tagelyk waarden 19 âldereinwenningen boud. Mei elkoar ha der mear as tachtich susters oan it tehûs ferbûn west. Yn 1964 wennen noch fyftjin susters yn it Theresiahûs.

Nijbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1975 en 1979 waard in nij Theresiahûs boud. De susters wiene oant jannewaris ferbûn oan it âldereintehûs en wurken oant juny 1989 yn it ûnderwiis. De lêste susters giene yn maaie 2006 werom nei Amersfoort.

Yn 2012 waard it hiele kompleks platsmiten en kaam der in nij gebou dat yn 2014 iepene waard as 'Soarchsintrum St. Theresia’. It bestiet út twa gebouwen dy't mei in glêzen hal mei elkoar ferbûn binne. It haadgebou hat 52 soarchunits. Dêrfan binne 24 bedoeld foar groepswenjen. By it Theresiahûs steane fjouwer oare gebouwen mei 48 romme senioare-apparteminten dy't ferhierd wurde troch Soarchgroep St. Maarten en wenningboufeiening Accolade.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: