Springe nei ynhâld

Theophilus Dönges

Ut Wikipedy
Theophilus Dönges (1948)
Dönges krige in steatsbegraffenis

Theophilus Ebenhaezer Dönges (Klerksdorp (Transvaal), 8 maart 1898 - Kaapstêd, 10 jannewaris 1968) wie ien fan de lieders fan Súd-Afrika yn de tiid fan de apartheid.

Dr. Dönges, soan fan in dûmny, studearre rjochten oan de Universiteit fan Stellenbosch, wie sjoernalist, adviseur fan de Kaapprovinsje en wie dêr oanfierder fan de Nasionale Party.

Fan 1941 ôf siet er foar dy partij yn it parlemint; doe't de NP yn 1948 de ferkiezings wûn, waard er minister fan binnenlânke saken.

Doe't premier Johannes Strijdom yn 1958 hommels ferstoar, wie Dönges ien fan de trije gadingmakkers foar de opfolging. Fan de wie hy de meast evenredige en dêrom krige er de stipe fan it bedriuwslibben, dat net folle hawwe moast fan de skerpsliperij fan in Hendrik Verwoerd en Charles Swart. Dat Verwoerd wûn fernuvere in protte minsken; Dönges krige yn dy syn kabinet de portefulje fan finansjen.

Dy hâlde er oant 1967, doe't er 28 febrewaris troch it parlemint keazen waard as opfolger fan presidint Swart.

Trije wiken foar syn ynstallaasje krige Dönges op 11 maaie in beroerte. Yn syn plak waard de senaatsfoarsitter Jozua Naudé op 1 juny beëdige as waarnimmend steatshaad. Op 6 desimber ferklearre it Heechgerjochtshof it amt fakant, sadat in nije presidint keazen wurde koe.

  • The liability for safe carriage of goods in Roman Dutch law (1928)
  • Municipal law (1940) mei rjochter L. de V. van Winsen
  • Die toekomsrol van die Reddingsdaadbond in ons ekonomiese lewe (1943)
  • The new South African citizenship (1949)
  • The greater issue behind the dispute over South-West Africa – South Africa’s appeal to UNO (1952)
  • Die Afrikaanse gedagte en die draers daarvan (1953)