Springe nei ynhâld

Theodora Richards

Ut Wikipedy
Theodora Richards (2011)

Theodora Dupree Richards (18 maart 1985) is in Amerikaansk model en studinte tekenjen en skilderjen.
Sy is in dochter fan Patti Hansen en Rolling Stones guitarist Keith Richards,[1] en de âldere suster fan Alexandra Richards.

Op har sechstjinde waarden Richards, har suster Alexandra Richards en Elizabeth Jagger (dochter fan Mick Jagger) frege om model te stean foar in Tommy Hilfiger-kampanje. Se wie gastredakteur foar in nûmer fan L' Officiel. Yn 2006 stie Richards model foar it yn Nij-Seelân fêstige label Karen Walker. Mids 2006 ferskynde se op de omslach fan Lucire, fotografearre troch Barry Hollywood. Yn 2011 ferskynde se tegearre mei har mem en suster op de omslach fan Town & Country.

Se yllustrearre it yn 2014 útkommen berneboek Gus & Me dat troch har heit skreaun waard.

Richards hat alle moannen in radioprogramma op Sirius XM titele Off the Cuff. [2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Check Out What Keith Richards' Kid Is Doing This Fashion Week! – The New York Observer
  2. 'Life Less Ordinary', Lucire, vol. 2, nû. 7 (19), augustus 2006, s. 125-33.