Theodor Kleehaas

Ut Wikipedy
Theodor Kleehaas
keunstner
persoanlike bysûnderheden
berne 1854
berteplak Germersheim
stoarn 1928/1929
stjerplak München
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
wurksum as Portret- en sjenreskilder
medium Oaljeferve
offisjele webside
gjin

Theodor Kleehaas (Germersheim, Rynlân-Palts, 9 of 10 novimber 1854 - 1928 of München, 21 jannewaris 1929)[1] wie in Dútsk portret- en sjenreskilder.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De keapmanssoan Theodor Kleehaas krige tekenûnderrjocht oan it Cooper Ynstitút yn New York, ear't er yn 1879 nei de keunstakademy yn München gie. Alexander Strähuber, Gyula Benczúr en Alexander von Wagner wiene dêr ûnder oare syn leararen. Fan 1889 ôf hie er geregeld eksposysjes yn it Glaspalast te München; yn 1893/94 die er mei oan de Grutte Berlynske Keunsteksposysje en yn 1897 krige er in sulveren medalje foar in wurk dat yn it Londenske 'Crystal Palace' toand waard.

Hy hie syn atelier oan de Schwindstraße (nr. 13) yn München en wenne dêr ek. Hy wie boaske oan Maria Anna Letz.

Kleehaas besocht Italië, Frankryk en België.[2] Hy bleau trou oan de styl fan de Münchenske sjenreskilderkeunst fan om 1880 en naam mar inkelde ideeën fan yt ympresjonisme oer.

Ingelske en Amerikaanske samlers kochten wurk fan Kleehaas; tolve fan syn skilderijen ferskynden as foto yn it album Junges Blut, dat Bruckmann yn München útbrocht

Theodor Kleehaas waard op it Alten Nördlichen Friedhof yn München beïerdige.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Akademie der Bildenden Künste München, Matrikelbuch II, 1841-1884, Jg. 1879, Nr. 03702: Theodor Kleehaas online
  2. Daten zu Kleehaas auf antikbayreuth.de in Übereinstimmung mit Thieme/Becker