Theo van Hoytema
Theodorus van Hoytema (Den Haach, 19 desimber 1863 - dêre, 28 augustus 1917) wie in Nederlânsk tekener, litograaf en boekbânûntwerper.
Nei it folgjen fan tekenlessen oan de Akademy fan Byldzjende Keunsten yn Den Haach kaam er troch bemiddeling fan syn omke Van Oordt by it Soölogysk Museum yn Leien telâne, dêr't er in stikmannich wittenskiplike wurken yllustrearre (1889-1890).
Printeboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1891 gie er foar himsels oan 't wurk en ferskynde syn earste - letter ferneamd wurden - printeboek Hoe de vogels aan een Koning kwamen, printe yn Den Haach by S. Lankhout en Co. Yn 1893 kaam syn twadde printeboek út, nei in ferhaal fan Andersen, Het lelijke jonge eendje. Yn 1895 ferskynde Uilengeluk, neifolgjend yn 1897 Twee Hanen en dêrnei Vogelvreugd. Allegear útjûn by C.M. van Gogh yn Amsterdam. Al dizze ferneamde printeboeken ferskynden letter as werprintingen by Utjouwerij A.G. Schoonderbeek te Laren.
Kalinders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1902 - 1918 makke er de ferneamde kalenders mei litografyën fan bisten en fûgels.
Van Hoytema stie model yn de roman 'Leo en Gerda' fan Aeg. W. Timmerman (1911). Neist it ûntwerpen fan omslaggen foar katalogy, waarden ek ierdewurk en meubels neffens syn ûntwerpen makke.
Monumint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1915 waard de Haachske Roemer Visscherstrjitte ûntworpen, mar earst yn 1923 oanlein. De namme waard doe feroere yn Van Hoytemastritte. Healwei de winkelstrjitte is in lyts plein dat yn de omgang Van Hoytemaplein neamd wurdt. Op dit plein waard yn 2009 it Van Hoytemamonumint setten dat earder oan de Willem Loadewyklean stie.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|