The Serenes

Ut Wikipedy

The Serenes wie in Fryske band, dy't begjin njoggentiger jierren in lûd produsearrre dat te fergelykjen wie mei muzyk fan bands as The Feelies en The Chills. Harren sjongteksten wiene mankelyk, mei in soad byldspraak. De ynspiraase hjirfoar waard diels taskreaun oan it Fryske lânskip en de songs waarden droegen troch in helder gitaarlûd. Theo de Jong (muzikant) rjochte dizze band yn 1988 tegearre mei Paul Dokter (1961-2020) op yn De Jouwer, wêrby't de ritmeseksje troch Ale Bosma en Joan Hooghiemstra ynfold waard.

Barefoot and Pregnant[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de debútsingle Rebecca (You're Gonna Be Allright) ferskynde yn 1990 it posityf resinsearre album Barefoot And Pregnant, dat ûnder mear yn de OOR Top-10 fan it jier kaam, en yn de OOR-Millennium list fan it bêste Nederlânsk produkt ea op it alfte plak kaam. Op it album steane tsien nûmers, wêrfan ek Abiding Place as single útbrocht waard. Yn 1991 krige de band in Edison foar it album yn de kategory Pop Nationaal.

Back to Wonder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in lange stilte ferskynde yn 1993 Back To Wonder, doe't Paul Dokter ôfheakke wie. Fierders wie Pyter Kuipers yn it plak foar Ale Bosma komd. It label Integrity wie ynruile foar Ariola. Hjirtroch wie it mooglik wurden om de Amerikaanske producer Lou Giordano oan te lûken. As single waard Every Sunday útbrocht, en letter ek Feel Me en Here. Yn 1994 gie de groep út elkoar.

Opnij yn de belangstelling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it ferstriken fan de jierren krige it wurk fan de Serenes geande wei mear wurdearring. Yn 2000 sette muzyktydskrift OOR yn har list fan bêste Nederlânske albums fan 1990 oant 2000 Barefoot and pregnant op it alfte plak.

Yn 2013 brocht Excelsior Recordings fia harren Re.-label de plaat Barefoot and pregnant opnij út op finylalbum en cd. By de werútjefte siet in ekstra skiif mei demo-materiaal, ûnder de namme The blurred, concealed and declined Songs of the Serenes. Op it festival Welcome to the Village yn Ljouwert, waard 27 july it folsleine album yntegraal opfierd troch de band William Seen’s Transport Music, dy't bystien waard troch ûnder oare Anne Soldaat, Jelle Paulusma, Maurits van Westerik en Jacob de Greeuw.[1] Nei oanlieding fan de nije belangstelling produsearre de NPO yn Fryslân DOK de dokumintêre De mythe fan The Serenes dêr't bylden fan dit optreden te sjen wiene.[2]

Besetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paul Dokter ferstoar hommels op 7 augustus 2020 yn de âldens fan 59 jier.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • A biding place (Integrity, 1990)
  • Rebecca (you're gonna be alright) (Integrity, 1990)
  • Every sunday (BMG Ariola, 1993)
  • Here (BMG Ariola, 1993)
  • Feel me (BMG Ariola, 1994)

Besibbe diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Slide[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Simmer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: