The Quill
The Quill | |
---|---|
Basis ynformaasje | |
Namme | The Quill, Berch Mazinga |
Lokaasje | Sint-Eustasius |
Hichte | 601 meter |
Lêste útbarsting | Tusken de 100 en 400 jier lyn |
Soarte fulkaan | Stratofulkaan |
The Quill, ek wol Berch Mazinga, is in stratofulkaan op Sint-Eustasius, ien fan de eilannen fan Karibysk Nederlân. De fulkaan hat in hichte fan 601 meter.
De namme fan The Quill is in feringelsking fan it Nederlânske wurd foar 'kûle'. Yn 1998 waard The Quill troch de oerheid fan de Nederlânske Antillen oanwiisd as nasjonaal park. It is ûnder de namme Sint Eustatius National Parks Foundation (Stenapa) fêstlein. Der binne inkele kuierpaden oanlein op de berch.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fulkaan ûntstie tusken de 32.000 en 22.000 jier lyn yn it súdeasten fan Sint-Eustasius. Sûnt syn ûntstean hat The Quill aktyf west, oant it momint fan syn lêste útbarsting, tusken de 100 en 400 jier werom. Omdat de fulkaan yn it ferline gloedwolken útstjitten hat en it grûnwetter yn de omkriten fan de fulkaan in hegere temperatuer hat as oars, wurdt der rekken mei hâlden dat de fulkaan sliepende is en dus mooglik wer útbarste kin. Hy jildt as potinsjeel gefaarlik.
Natuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krater fan de fulkaan bestiet út wilich reinwâld dat bewenne wurdt troch lânseigen en útlânske beammen en planten. Ek libje der tal fan bisten yn de krater. It jeien op lânkraab yn The Quill is in foarname beuzichheid fan de eilânbewenners.