The Doom that Came to Sarnath and Other Stories
Appearance
The Doom that Came to Sarnath and Other Stories | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | H.P. Lovecraft (red. Lin Carter) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | horror / fantasy | |
1e publikaasje | 1971, New York | |
oarspr. útjwr. | Ballantine Books | |
kodearring | ||
ISBN | gjint |
The Doom that Came to Sarnath and Other Stories is in ferhalebondel mei 20 koarte ferhalen fan it horror- en/of fantasysjenre, allegearre fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer H.P. Lovecraft (1890-1937). De titel betsjut: "De Doem dy't Sarnath Oerkaam en Oare Ferhalen". De ferhalen steane fierhinne op harsels, mar kinne yndield wurde by twa losse 'searjes' fan Lovecraft: de Dream Cycle en de Cthulhu Mythos. Se waarden oarspronklik publisearre yn Weird Tales en in ferskaat oan oare tydskriften. De ferhalebondel, dy't 208 siden telt, waard gearstald, redigearre en fan in ynlieding en noaten foarsjoen troch Lin Carter, en kaam yn 1971 út by de New Yorkske útjouwerij Ballantine Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ynlieding (troch Lin Carter)
- The Other Gods (skreaun yn 1921; earste publikaasje 1933)
- The Tree (skreaun yn 1920; earste publikaasje 1921; earste publikaasje )
- The Doom that Came to Sarnath (skreaun yn 1919; earste publikaasje 1920)
- The Tomb (skreaun yn 1917; earste publikaasje 1922)
- Polaris (skreaun yn 1918; earste publikaasje 1920)
- Beyond the Wall of Sleep (skreaun yn 1919; earste publikaasje 1919)
- Memory (skreaun yn 1919; earste publikaasje 1923)
- What the Moon Brings (skreaun yn 1923; earste publikaasje 1923)
- Nyarlathotep (skreaun yn 1920; earste publikaasje 1920)
- Ex Oblivione (skreaun yn 1921; earste publikaasje 1921)
- The Cats of Ulthar (skreaun yn 1920; earste publikaasje 1920)
- Hypnos (skreaun yn 1922; earste publikaasje 1923)
- Nathicana (skreaun yn 1927; earste publikaasje 19??)
- From Beyond (skreaun yn 1920; earste publikaasje 1934)
- The Festival (skreaun yn 1923; earste publikaasje 1925)
- The Nameless City (skreaun yn 1921; earste publikaasje 1921)
- The Quest of Iranon (skreaun yn 1921; earste publikaasje 1935)
- The Crawling Chaos (mei Winifred V. Jackson; skreaun yn 1920; earste publikaasje 1921)
- In the Walls of Eryx (mei Kenneth Stirling; skreaun yn 1936; earste publikaasje 1939)
- Imprisoned with the Pharaohs (mei Harry Houdini; skreaun yn 1924; earste publikaasje 1924)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|