De "Mary Gloster"
De "Mary Gloster" | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The "Mary Gloster" | |
auteur | Rudyard Kipling | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | ferheljend gedicht | |
skreaun | 1894 | |
1e publikaasje | 1896, Londen | |
oarspr. útjwr. | Methuen & Co. | |
bondel | The Seven Seas | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De "Mary Gloster" | |
publikaasje | 1968, Boalsert | |
útjouwer | KFFB | |
oersetter | Sjoerd Spanninga |
De "Mary Gloster", yn it oarspronklike Ingelsk: The "Mary Gloster", is in gedicht fan 'e hân fan 'e grutte Britske skriuwer en dichter Rudyard Kipling (1865-1936). It bestiet út 186 fersregels en hat de foarm fan in monolooch sprutsen troch in stjerrende reder fan ienfâldich komôf, in self-made man, tsjin syn yn wielde grutbrochte en yn syn eagen ferweakke soan. It wurdt rûnom beskôge as ien fan Kipling syn bêste gedichten út 'e njoggentiger jierren fan 'e njoggentjinde iuw. De "Mary Gloster" hat ûnder de titel it jiertal 1894 stean, wat nei alle gedachten it jier oanjout dat Kipling it skreaun hat. It waard foar it earst publisearre yn 'e dichtbondel The Seven Seas, út 1896. De Fryske oersetting fan Sjoerd Spanninga datearret fan 1968.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De "Mary Gloster" lit de groeiende belangstelling sjen dy't Kipling it lêste desennium fan 'e njoggentjinde iuw foar de keapfardij krige. Teffens bringt er der syn ôfkear yn ta útdrukking foar de neifolgers fan it estetisisme, in streaming dy't de literatuer en skiene keunsten frij hâlde wol fan sosjaal-politike tinkbylden, en dy't yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde iuw tige ynfloedryk wie. De foarm fan it gedicht is ûntliend oan 'e monologen út 'e wurken fan 'e njoggentjinde-iuwske Britske skriuwer Robert Browning en is nei alle gedachten ek beynfloede troch de styl fan Alfred Lord Tennyson, yn dy syn lyksoartige stjerbêdmonolooch Northern Farmer: Old Style, dy't foar it earst publisearre waard yn 1864.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De "Mary Gloster" is in monolooch (op plakken soe men miskien sels sprekke kinne fan in tirade), útsprutsen op syn stjerbêd troch de rike reder sir Anthony Gloster tsjin syn soan Dick. Sir Anthony hat him mei swit en triennen opwurke fan gewoan arbeider ta syn hjoeddeiske maatskiplike posysje, mar is yn syn hert altyd in ienfâldich man bleaun, dy't lúkse ferspijt as dekadint (wat Kipling beklammet troch dialektyske wurdfoarmen fan "plat"-Ingelsk te brûken). Syn soan lykwols, is yn wielde grut wurden en hat nea gjin echt wurk hoegen te dwaan. Hy hat in oplieding genoaten oan 'e bêste skoallen dy't der wiene, mar goaide der mar wat mei de pet nei. Ynstee fan him foar syn heite rederij te ynteressearjen, leit er him ta op 'e keunsten, en boppedat is er wol troud, mar hawwe hy en syn frou, dy't sir Anthony net útstean kin, noch altyd net foar in opfolger soarge.
Yn it gedicht wurdt it wurkpaad fan sir Anthony sketst, dy't de ûntwikkeling fan 'e njoggentjinde-iuwske Britske skipsbou folget (fan sylskippen nei steamskippen, fan hout nei izer, ensfh.). Sir Anthony fertelt ek oer syn priveelibben, dat fansels ûnûnttiisber ferweve is mei syn beropsmjittige karriêre. It wie syn frou, Mary, dy't oan 'e widze stie fan syn maatskiplik súkses. Sy fitere him oan om risiko's te nimmen dy't oaren net oandoarsten. Sy sylde mei him oer de sân seeën en brocht al har bern oan board te wrâld. Mar fier fan medyske bystân oerlibbe mar ien fan 'e poppen dat. Mary sels stoar op in reis nei Nederlânsk-Ynje en hja joegen har in seemansgrêf yn 'e Strjitte fan Makassar, de see-ingte tusken de eilannen Borneo en Selebes, dy't de Selebessee yn it noarden mei de Javasee yn it suden ferbynt.
Ut it gedicht komt ek nei foarren dat sir Anthony sels net sa'n fraai hearskip is, al is de beneaming "villainous" ("aaklike gemien"), sa't Lord Birkenhead him yn syn biografy Rudyard Kipling út 1978 omskriuwt, miskien wat oerdreaun. Mar it is wier dat er der net foar weromskrok om 'e fersekering te bedonderjen, en dat er syn soan opdraacht om syn mêtresse ("poor Aggie") mei net mear as ₤100,– ôf te konfoaien. Wêr't it úteinlik om giet yn De "Mary Gloster", is lykwols dat sir Anthony net begroeven wurde wol yn it grêf dat him yn Woking tusken de lêste rêstplakken fan oare lju fan kwizekwânsje wachtet; hy wol dat syn soan him op 'e "Mary Gloster", it skip dat er nei syn frou silger neamd hat, nei de Strjitte fan Makassar ta fart en it skip dêr op datseldichste plak sinke lit, sadat er njonken syn 37 jier lyn ferstoarne frou komme sil te rêsten. En om dat doel te berikken, skrillet er der net foar werom om 'e siden sok dy't syn soan (yn syn eagen) is, te sjantearjen mei (in diel fan) syn erfskip.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan 'e The "Mary Gloster" ferskynde yn 1968 ûnder de titel De "Mary Gloster" by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (nû. 121), te Boalsert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Sjoerd Spanninga.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
sekundêre boarnen: |