Springe nei ynhâld

Terra nigra

Ut Wikipedy
Romeinsk Terra Nigra, 1e oant 5e iuw

Terra nigra (swarte ierde) is Romeinsk ierdewurk mei in (meast glânzjend) swart of donkergriis oerflak. It waard nei Fryslân ymportearre en is yn terpgrûn weromfûn.

It swarte ierdewurk waard makke troch de soerstofoanfier yn de ûne ôf te sluten en it ierdewurk te 'rikjen'. It oerflak fan terra nigra waard glêd en glânzjend troch it ûnder te dompeljen yn in klaaibrij of troch it te polysten. Faak is it fersierd mei in ienfâldige fersiering fan redstimpels. Terra nigra-ierdewerk sjocht der meastentiids Germaansk út. It terra nigra-ierdewurk fan de 4e en 5e iuw bestiet benammen út wiidmûlige bekers of skalen op in lyts poatsje. Nei alle gedachten waarden de fuotskalen as drinkskaal brûkt. It wurdt ek wol yn grêven fûn, de ferstoarne hie ommers yn it hjirneimels ek iten en drinken nedich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: