Ter Harst
Ter Harst wie in stins yn de buorskip Stienharst besúdeasten de tsjerke fan Lytsewâld. Fan de stins is neat werom te finen.
De stins wurdt foar it earst neamd yn in oarkonde fan 1479. Der is dan sprake fan Rynnerth oppe Burch en yn 1493 wurdt de stins fermelden as it hûs ter Harst. Mooglik krige Gerkeskleaster de boarch yn eigendom doe't Eve Reyntsz. (of Rynnertsz.) yn 1492 al syn besittings oan dit konvint opdroech.
Om 1580 wennen hjir nei alle wierskyn Pieter Tadema, doarpsrjochter mei syn frou Beyts Romptsdr., in suster fan Jildert Romptsz. fan Rosema-sate. Ek Tjarck Sappes dy't yn oktober 1584 troch Jelger fan Feytsma ta substitút grytman beneamd waard, wenne hjir. Yn 1605 wenne hy yn Kollum as hopman fan in kompanjy soldaten en ferkocht syn hûs en lân op Steenharst.
- Bewenners
- 1479 Rynnerth ?
- oant 1492 Eve Reyntsz.
- 1580 Pieter Tadema
- 1584 Tjarck Sappes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|