Tanisha Long

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tanisha Long
Drama-icon.svg artyst en/of kabaretier
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tanisha Ti-East Long
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 28 septimber 1984
berteplak Philadelphia (Pennsylvania)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as komyk, kabaretiêre,
tekstskriuwster, aktrise
medium teäter, tillefyzje
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
www.tanishalong.com

Tanisha Long (folút: Tanisha Ti-East Long; Philadelphia (Pennsylvania), 28 septimber 1984) is in Amerikaansk komyk, kabaretiêre, tekstskriuwster en aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf. Se is it bekendst wurden mei har wurk foar MTV en har optredens op Comedy Central.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Long waard yn 1984 berne yn Philadelphia, yn 'e steat Pennsylvania. Hja groeide op yn West Philadelphia, en ferhuze yn 2006 nei New York om in oplieding aktearjen en ymprovisaasje te folgjen by de Upright Citizens Brigade, en letter by The Pit en oan 'e Michael Howard Studio. Dêrby kaam se ta de ûntdekking dat it har tige lei om oare minsken oan it laitsjen te bringen.

Fanôf dy tiid treedt Long rûnom op yn 'e Feriene Steaten, mar benammen yn har wenplak New York, û.m. yn The Pit (dat har leaflingsteäter is), it UCB Theater, de Broadway Comedy Club en de Gotham Comedy Club. Fierders hat se ek har eigen twapersoansshow skreaun en op 'e planken brocht, ûnder de titel Mr. and Mrs. Bruce Vain. Dêrnjonken hat hja lytse roltsjes hân yn ferskate films, op 'e tillefyzje en yn in pear reklamespotsjes. Sa wie se te sjen yn 'e film Admission, mei û.o. Tina Fey, en ek yn 'e searjes The Eric Andre Show en Friends of the People.

By in breder publyk is Long lykwols benammen bekend troch de tillefyzjeregistraasjes fan guon fan har optredens, dy't útstjoerd binne op 'e tillefyzjestjoerder Comedy Central. Miskien noch wol mear minsken kenne har fan har drûge kommentaar by de MTV-searjes Girl Code en Guy Code, dêr't se in fêste meiwurkster fan is.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: