Tanahat

Ut Wikipedy
Tanahat

Օձունի վանք

bouwurk
lokaasje
lân Armeenje
plak 7 kilometer súdeastlik fan Vernashen (Վերնաշեն)
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 13e iuw

Tanahat (Armeensk: Թանահատ) of Tanahativank (Թանահատի Վանք) is in midsiuwsk kleaster yn de Armeenske provinsje Vayots Dzor. Fan it kleaster bleaune njonken ruïnes de krúskoepeltsjerke Surb Stepanos en de lytsere oanboude tsjerke Surb Nshan út de 13e iuw bewarre. Guon gelearden leauwe dat Tanahat it plak west hat dêr't yn 1282 de ferneamde Universiteit fan Gladzor stifte waard, dêr't tal fan Armeenske gelearden en keunstners harren foarming krigen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarsprong fan Tanahat is net bekend, mar it kleaster soe neffens de 13e-iuwske Armeenske histoarikus Stephanos Orbelian werom gean oant it jier 735. Yn de 13e iuw waard it kleaster hielendal op 'e nij boud.

Yn 1970 waarden by opgravings súdlik fan de noch oerbleaune bouwurken ferskate gebouwen ûntdutsen. De lokaasje waard yn 1980 restaurearre.

Timpaan fan de Tsjerke fan it Teken

Mooglik wie it kleaster de lokaasje fan de stifting fan de midsiuwske Universiteit fan Gladzor. Dy ynstelling ferdwûn tsjin it lêst fan de Mongoalske ynfallen, mar it 700-jierrich jubileum waard yn 1984 op it plak betocht. Sân kilometer fan Tanahat is in museum dy't oan de universiteit wijd is. De krekte lokaasje fan de universiteit bliuwt lykwols in saak fan striideraasjes.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster bestiet foar it measte út de haadtsjerke Surp Stephanos (Sint-Stefanustsjerke) en de kapel Surp Nshan (Tsjerke fan it Teken), beide boud fan basaltstien. De haadtsjerke waard yn de jierren 1273-1279 boud.

It ynterieur hat útsein de omlisting fan finsters en doarren net in soad dekoraasjes, mar de bûtenkant fan de tsjerke ken ryk byldhouwurk. Op de súdlike gevel binne gevelstiennen fan in hauk dy't in do grypt en in sinnewizer twa dowen dy't út in kelk drinke te sjen. Op de tamboer set in liuw syn tosken yn in okse en hâldt in earn in raam yn syn klauwen (wapens fan foaroansteande Armeenske famyljes). Under de dakrâne fan de spits binne mear foarstellings fan bisten, lykas fûgels en in oksekop.

Noardlik fan de Surp Stephanos stiet de 13e-iuwske ienskippige Surp Nsahn. De westlike tagong is boppe mei in tige ekspressyf basreliëf fersierd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: