Springe nei ynhâld

Tamminga-Piebenga-Fûns

Ut Wikipedy

It Tamminga-Piebenga-Fûns is in fûns dat literêre ynisjativen bekostiget. Nei it ferstjerren fan Sjoukje Piebenga en har man Douwe Tamminga die bliken dat by testamint bepaald wie dat der in Tamminga-Piebenga-Fûns út harren neilittenskip stifte wurde moast, dêr't literêre inisjativen út bekostige wurde kinne soene. It behear fan it Tamminga-Piebenga-Fûns wurdt fierd troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Ien fan de doelen dêr't it fûns û.o. foar brûkt wurdt is it ûnderhâld fan de troch Rink van der Velde neilitten wenarke op De Feanhoop, dêr't skriuwers gebrûk fan meitsje kinne om in pear wike yn alle rêst oan literêr wurk te arbeidzjen.

Ek nei it opgean fan it FLMD yn Tresoar is de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum bestean bleaun.