Tamar (bibelsk persoan)
Tamar (Hebriuwsk: תָּמָר, "Dadelpalm") wie yn it Alde Testamint yn it boek Genesis de skoandochter fan Juda, in soan fan de aartsfaar Jakob en Léa. Tagelyk wie hja ek de mem fan Juda's twa soannen, de twilling Pêres and Sêrach.
Ferballing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Genesis 38 wurdt beskreaun dat Tamar de frou is fan Juda's earste soan Er. Mar om't Er in minnen-ien wie, liet de Heare him al sûnder dat er by Tamar bern ferwekt hie stjerre. Neffens in Levityske tradysje joech Juda Tamar doe oan Onan, de jongere broer fan Er, om op namme fan Er foar neiteam te soargjen. Onan woe lykwols gjin bern ha, dy't net op syn eigen namme stiene en alle kearen as er by de frou fan syn broer slepte, liet er syn sied op 'e grûn falle. De Heare achte dat net goed en liet dêrom ek Onan stjerre. Om't Juda tocht dat der faaks in flok op Tamara rêste en benaud wie dat ek syn lêste soan Sjela stjerre soe, stjoerde Juda har werom nei har eigen folk, dêr't hja as widdo ûnderdak krige.
Tamar en Juda
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tiid dat Sjela grut waard, ferlear Juda syn frou. Nei de routiid wie Juda fan doel om mei syn maat Chira nei de skieppekearders fan Timna te gean. Tamara klaaide har noch jimmeroan as in widdo, en alhoewol't Sjela no âld genôch wie om har as frou oan him te jaan, wie dat net bard. Doe't Tamara fan Juda's reis hearde ferklaaide hja har as hoer, die in wale foar it gesicht en gyng nei Enaïm op in plak oan 'e wei nei Timna sitten, dêr't ek Juda del komme soe. Juda seach de frou dêr sitten en Tamara's plan like te wurken want hy herkende har net as skoandochter mar sa yn har klean as in publike frou. Hy frege wat de priis wie foar har seksuële tsjinsten en hja koene it iens wurde dat Juda yn ruil foar de seks neitiid in geit stjoere soe. Om der wis fan te wêzen dat Juda syn ûnthjit nei komme soe, easke hja as ûnderpân syn stôk, segelring en koarde, dy't er grif oan har joech. Om syn ûnthjit nei te kommen stjoerde Juda letter syn maat mei de geit nei Enaïm, mar de hoer wie dêr net te finen en ek die bliken dat nimmen yn Enaïm in hoer koe.
Juda liet it fierder mar gewurde, hie wie syn ûnthjit neikommen en woe fierder gjin drokte om't minsken der oars om spytgnyskje soene. In moanne of wat letter gyng it praat dat Juda's skoandochter huorke hie en in bern by har droech. Ek Juda hearde dat ferhaal en easke dat hja bûten kaam om ferbaarnd te wurden. Mar Tamara hie har ûnderpân en stjoerde de stêf, de segelring en de koarde nei Juda mei it boadskip dat de eigner fan dy saken de man wie dy't har swier makke hie. Doe't Juda seach dat dy sines wiene, krige er begrutsjen en sei dat it syn eigen skuld wie, om 't er Sjela net oan har jûn hie.
By de berte die bliken dat Tamara twa bern by har droech: Pêres en Sêrach. Juda en Tamar hiene soene letter gjin omgong mear mei inoar ha.
Neffens de Bibel is Pêres in foarfaar fan kening David en neffens in Etiopyske tradysje waard Pêres in kening fan Perzje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|