Springe nei ynhâld

Oerlis:Wrâldsee

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Moat dizze side net gewoan Oseaan wêze? It wurd oseaan wurd nei myn idee folle mear brûkt as wrâldsee. Hat Aliter it yn Atlantyske Oseaan net delset om't De Atlantyske Oseaan is in oseaan in bytsje nûver liket??? Theun 20.30, 13 nov 2006 (CET)

Oh, dat is no net tige dúdlik, mar wy hienen it dêr by Swarte Kees en by my oer hân. It om wrâldsee te brûken wie dat dan dúdliker wie dat it in See yn brede sin wie. Mysha (En fnsels is Wrâldsee ek in moaier wurd. Mysha)
It is my net rjocht dúdlik wat in wrâldsee is. Yn jo oerlis mei Swarte Kees hie ik ek it idee dat Swarte Kees tocht dat jo See ferfange woene troch Wrâldsee.
Is in wrâldsee miskien in see dy't mei al de oare seeën en oseanen yn ferbining stiet. (sjoch ek it gebrûk yn Eksklave en Kaspyske See).
Dan soe it dus sa wêze dat in Oseaan in wrâldsee is mar dat in Wrâldsee net in Oseaan hoecht te wêzen.Theun 17.44, 14 nov 2006 (CET)
Wat in wrâldsee krekt is? Ik sjoch it sa:
Fan âlds wie de wrâldsee de see dêr't alle lannen omhinne leinen; de Alde Wrâldsee is de Middellânske See. Mar mei dat de skippen fierder kamen kamen der meer wrâldseeën; der waard sein "Sân Wrâldseeën". Oarsom bleau it blykber ek de betsjutting foar alles dêr't je op sile koenen: De wrâldsee. Oseaan liket yn de meeste betsjuttings no synonym te wêzen oan wrâldsee en oarsom, allinnich faak wat mear rjochte op it wetter, dêr't Wrâldsee wat mear brûkt wurdt foar de ferbinings. At der dêrom oer de oseaan praat wurdt giet it om wat yn it miene jildt foar it wetter fan eltse oseaan, wylst de wrâldsee earder it gehiel fan alle wrâldseeën is, faak mei ynbegryp fan de oangrinzgende oare seeën. (At wy hjir út binne moat dat der noch by: by útwreiding wurde by in wrâldsee ek alle dêrmei ferbûne "lytsere seeën rekkene.)
Ik soe sizze dat by Eksklave likegoed, faaks better, "De Wrâldsee" koe. Der stiet ek (of by enklave?) dat de ferbining nei fier fuort gean kin, dat sa't it no stiet giet it om ien fan de wrâldseeën. De Kaspyske See is net in See yn de definysje dy't wy no hawwe. Foar my al, mar ik hie my hâlden oan wat der fan nl: oernaam wie.
Kinne jo dêr wat mei? Mysha

Oerlis begjinne oer Wrâldsee

Oerlis begjinne