Taeke Boonstra

Ut Wikipedy
Detail konsole yn it Goevernemintsgebou yn Assen, mei fermoedlik it portret fan Taeke Boonstra.[1]

Taeke Boonstra (Harns, 7 oktober 1850 - Assen, 12 maart 1932) wie in Nederlânsk arsjitekt.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taeke (eigentlik: Teeke) Boonstra wie lykas syn heit Daniel timmerman yn Harns. Nei syn trouwen ferfear er nei Assen, dêr't er fan 1882 oant 1886 as oannimmer belutsen wie by de bou fan it nije provinsjehûs (no Drintsk Museum), nei in ûntwerp fan ryksboumaster Jacobus van Lokhorst. Mei 1 maart 1887 waard er assistint fan de stedsboumaster fan Assen, Harm Cornelis Winters. Winters stoar in pear moanne letter en Boonstra folge him op. Hy ûntwurp yn 1897 de wente Betsy oan de Dr. Nassauleane yn Assen, no in ryksmonumint. Yn 1899 waard Boonstra direkteur fan de gemeentlike himmeltsjinst en yn 1904 fan it gemeentlik tillefoannet. Yn 1909 tekene er de Meniste Tsjerke oan de Oranjestrjitte yn Assen.

Boonstra wie ek belutsen by it útwreidingplan fan Assen yn 1910. It plan hie gjin grienfoarsjennings, skreau er yn syn taljochting, omdat de Asserbosk al genôch grien hie. Op oanrieden fan de ynspekteur foar de Folkssûnens, dy't fûn dat der net genôch rekken hâlden wie mei estetyske easken, waard it plan troch Deputearre Steaten fersmiten. De gemeente hierde doe arsjitekt P.M.A. Huurman yn om it plan dien te meitsjen.

Boonstra stoar yn 'e âldens fan 81 jier en kaam te hôf yn Assen.


Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Battjes, J.T. (1996) Assen Architectuur en Stedebouw 1850-1940 Swol: Waanders

  1. Teuling, Arnold J.M. den en Ploeg, Kees van der (1986) Van klooster tot museum : de geschiedenis van het gebouwencomplex van het Drents museum. Assen: Drents Museum. ISBN 90-70884-08-9.