Springe nei ynhâld

Tabakspôt

Ut Wikipedy
Draaide tabakspôt

In tabakspôt, ek tabakspot of tabaksfetsje is in opberchplak om de tabak feilich te bewarjen. Tabakspotten binne grut genôch om de hân yn te stekken, hawwe in lid en leafst in binnenlid om foar te kommen dat de tabak útdroeget. By hegere fermiddens is de tabakspôt net allinnich praktysk, mar benammen bedoeld om yndruk te meitsjen en fansels om gastfrijheid sjen te litten. Dus leafst makke fan sulver en neffens de nijste moade. It sjykste wie in pôt fan blau-ferve of polygroam Delftsk ierdewurk. Nuver genôch is de tabakspôt lang in typysk Hollânsk ding bleaun.

De earste tabak kaam al oan 'e ein fan 'e sechtjinde iuw út Súd-Amearika nei Nederlân. Earst waard tocht dat it brûkt waard as medisyn. De tabak waard meald en dêrnei opsnúfd, wêrnei't de minsken har efkes better fielden. Al gau begûnen minsken tabak op oare manieren te brûken. It waard snúfd, prûmke en smookt.

Yn de ierste perioade fan it smoken giene smokers nei de ‘tobagie’, in tabakswinkel foar piip en tabak. Thús smoken waard stadichoan de gewoante en minsken fielden de needsaak om thús in oanbod tabak te hawwen. Dêrom waarden tabakspotten brûkt dêr't de tabak feilich yn bewarre wurde koe. De grutte Delftske tabakspotten binne bedoeld foar winkelfoarrie, en mear spesifyk foar snúftabak. Dêrom brûke guons it wurd rappé, de Frânske namme foar snúf.

Yn de rin fan de santjinde iuw is tabak folslein ynboargere yn Nederlân. Tsjin de ein fan de iuw wurdt it wenst om tabak yn gruttere hoemannichten te smoken. Yn 'e folgjende ieu kaam it gebrûk fan 'e tabakspôt yn de moade. De potten komme yn alle foarmen en maten. De goedkeapere tabakspotten wiene fan tin of lead. Sels getten izer waard brûkt as materiaal. De útfierings yn it prachtich swarte ‘fer de Berlin’ binne tige opfallend. Yn de njoggentjinde iuw waard de tabakspôt in ynternasjonaal hannelsartikel dat rûnom makke en brûkt waard. Yn deselde iuw waard de kar fergrutte mei allerhanne searjes makke ierdewurken tabakspotten, faak yn figurale foarm. In protte fan dit materiaal is kâld beskildere en net sa duorsum. De tabakpotten dy't de elite brûkte wiene faak fan sulver makke. Yn de njoggentjinde iuw waarden sels tabakspotten makke fan sulverglês.

De populêrens fan de tabakspôt waard nei 1900 minder. Tabak waard tenei yn lytsere hoemannichten smookt en de sigaret waard oerhearskjend. Dochs binne der noch bysûndere tabakspotten út dy perioade te finen, bygelyks mei skaaimerken fan art deco.

Sulveren searje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw ûntstie in spesjale rige sulveren tabakpotten. Se wiene it inisjatyf fan de stifting 'Zilver in Beweging'. Ferskate ûntwerpers en sulversmeien mei ûnthjit makken mei elkoar in searje fan tolve opmerklike ûntwerpen. Se fertsjintwurdigje it moderne ûntwerpkonsept fan in ding dat syn status ferlern hie en net mear yn 'e hûs brûkt waard.

Karakteristyk foar de Nederlânske smaak is de tabaksdoaze, fergelykber mei de teedoaze mar mei ien fak om't men yn dy perioade mar ien soarte tabak smookte. De tabaksdoaze makke romte foar de rûn draaide houten tabakspôt, faak opboud út boegen. Se bleaune oant yn de tweintichste iuw yn gebrûk. It werom rinnen fan it pypsmoken soarge derfoar dat de tabakspôt fan tafel ferdwûn. De smoker brûkte in tabakspûdsje om't de hoemannichten tabak hieltyd lytser waarden. Yn de boerefermidddens wurdt in hingjende tabaksdoaze brûkt, in houten doaze mei in efterplaat mei in hinggat. Wa’t de piip stopje woe, moast earst de kast fan 'e muorre nimme.

By de hegerein stie de tabakspôt yn de 'smookkeamer'. De hearen lutsen har hjir jûns nei it iten werom. De smookkeamer wie in keamer dy't hielendal wijd wie oan it smoken: dêr wie alles wat nedich wie, fan tabak oant pipen. De keamer wie dekorearre mei swiere, ferwielen stoffen en der wiene sels noflike ferwielen smookjassen om te dragen. De swiere ferwielen stoffen wiene der net allinnich om te pronkjen, mar wiene bewust keazen omdat se de reek opnommen. Sa soene de oare keamers en de moaie swiere klean net sa bot nei reek stjonke. It selskip yn de smookkeamer krige tabak oanbean troch de gasthear út syn spesjale tabakspôt. Sulveren tabakspotten, ferfine yn 'e Louis-stilen, wiene echte statussymboalen om yndruk te meitsjen op de gasten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: