Springe nei ynhâld

Prûmtabak

Ut Wikipedy
Ingelske prûmtabak
In prûm

Prûmtabak is rûchsniene tabak, dy't net smookt wurdt, mar kôge of sobbe (prûmke). Nei in skoft wurdt de tabak útspuid. Somtiids wurdt dêr in spesjaal bakje foar brûkt, in kwispeldoar. Guonts sjogge prûmtabak as in alternatyf foar it smoken fan tabak, mar it kôgjen op prûmtabak kin kanker yn de mûle jaan en ek alle oare skealike stoffen út de tabak komme yn it lichem telâne. Somtiids wurdt prûmtabak tapast troch guonts dy't fan it smoken ôf wolle, it is dan in alternatyf foar nikotineplasters en nikotinekaugom.

Prûmtabak is yn ferskillende smaken te krijen: drop-, hunning-en krinte- smaak.

Eartiids waard yn Drachten, oant oktober 1989, de ferneamde healswiere 'Drachtster Kei'-prûmtabak, ferneamd nei de mânske balstien Drachtster Kei, makke troch tabaksfabryk Van der Meulen. Foar 1970 (Fokke van der Meulen fan de 'Erven van der Meulen': Wij steane der fersteld fan, dat der noch safolle prûmke wurdt) foarmen de tabaksferwurkjende bedriuwen, mei de skipswerven en Philips de wichtichste yndustry yn Drachten. Firma S. S. Osinga en J. B. van der Meulen, alle trije yn Drachten, produsearren ek prûmtabak. Fierders hie Fryslân noch prûmtabak fan de merken De Bijekoer, O. Zoveele's Pruim en Goudbloem.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: