Springe nei ynhâld

Tübingen (Landkreis)

Ut Wikipedy
Lânkring Tübingen
wapen
Statistyk
Ynwennertal 232.803 (2022)
Oerflak 519,11 km²
Befolkingsticht. 448 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Tübingen
Oar
Adres bestjoer Wilhelm-Keil-Straße 50
72072 Tübingen
Koördinaten 48° 30' N 9° 2' E
Oprjochting 1934
Yndieling 15 gemeenten
Kenteken
NUTS-koade DE142
Kreiskaai 08 4 16
Webside kreis-tuebingen.de

Tübingen is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1934 oprjochte.

Stêden en gemeenten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling.
Stêden
  1. Mössingen
  2. Rottenburg am Neckar
  3. Tübingen
Gemeenten
  1. Ammerbuch
  2. Bodelshausen
  3. Dettenhausen
  4. Dußlingen
  5. Gomaringen
  6. Hirrlingen
  1. Kirchentellinsfurt
  2. Kusterdingen
  3. Nehren
  4. Neustetten
  5. Ofterdingen
  6. Starzach

De trije stêden Mössingen, Rottenburg am Neckar en Tübingen binne alletrije in Große Kreisstadt.

Gearwurkingsferbannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

  • Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
  • Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

In Gemeindeverwaltungsverband is:

  • GVV Steinlach-Wiesaz mei de sit yn Gomaringen; oansletten gemeenten binne: Dußlingen, Gomaringen en Nehren.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne:

  • VVG fan 'e stêd Mössingen mei de gemeenten Bodelshausen en Ofterdingen.
  • VVG fan 'e stêd Rottenburg am Neckar mei de gemeenten Hirrlingen, Neustetten en Starzach.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Tübingen, ferzje 28 maaie 2024.


Baden-Wuertemberch Flagge fan Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise

Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte

Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm

· · Berjocht bewurkje