Ravensburg (Landkreis)
Lânkring Ravensburg | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 290.911 (2022) | |
Oerflak | 1.632,08 km² | |
Befolkingsticht. | 178 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Tübingen | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Friedenstraße 6 88212 Ravensburg | |
Koördinaten | 47° 47' N 9° 37' E | |
Oprjochting | 1938 | |
Yndieling | 39 gemeenten | |
Kenteken | RV, SLG, ÜB, WG | |
NUTS-koade | DE148 | |
Kreiskaai | 08 4 36 | |
Webside | www.rv.de |
Ravensburg is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1938 oprjochte. Neffens it oerflak is de lânkring op 'e Ortenaukreis nei de grutste lânkring fan de dielsteat.
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stêden | |
---|---|
Gemeenten | |
---|---|
Bad Waldsee, Leutkirch im Allgäu, Ravensburg, Wangen im Allgäu en Weingarten binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände binne:
- GVV Altshausen mei de sit yn Altshausen; oansletten gemeenten binne: Altshausen, Boms, Ebenweiler, Ebersbach-Musbach, Eichstegen, Fleischwangen, Guggenhausen, Hoßkirch, Königseggwald, Riedhausen en Unterwaldhausen.
- GVV Gullen mei de sit yn Grünkraut; oansletten gemeenten binne: Bodnegg, Grünkraut, Schlier en Waldburg.
- GVV Mittleres Schussental mei de sit yn Ravensburg; oansletten gemeenten binne: de stêden Ravensburg en Weingarten en de gemeenten Baienfurt, Baindt en Berg.
- GVV Fronreute-Wolpertswende mei de sit yn Wolpertswende; oansletten gemeenten binne: Fronreute en Wolpertswende.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne:
- VVG fan 'e stêd Bad Waldsee mei de gemeente Bergatreute.
- VVG fan 'e stêd Leutkirch im Allgäu mei de gemeenten Aichstetten en Aitrach.
- VVG fan 'e gemeente Vogt mei de gemeente Wolfegg.
- VVG fan 'e stêd Wangen im Allgäu mei de gemeenten Achberg en Amtzell.
- VVG fan 'e gemeente Wilhelmsdorf mei de gemeente Horgenzell.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Ravensburg, ferzje 28 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |