Springe nei ynhâld

Tûzen-en-ien Nacht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tûzen-en-ien-nacht)
Arabysk manuskript fan Tûzen-en-ien Nacht, grif 14e-iuwsk.
Tûzen-en-ien Nacht yn it Arabysk.
Aladdin and the Wonderful Lamp (1917).

De fertellingen fan Tûzen-en-ien Nacht (Arabysk: الف ليلة وليلة / alf laila wa-laila, 'tûzen nachten en in nacht', Perzysk: هزار و یک شب / Hezar-o-yek shab) foarmje in samling ferhalen yn de foarm fan in ramtferhaal út it Midden-Easten. Guon fan dizze ferhalen binne âlder as de kristlike jiertelling. Oaren komme út de Midsiuwen.

Lang waard tocht dat de ferhalen fan Tûzen-en-ien Nacht fan oarsprong Perzysk wienen. Dat blykt net sa te wêzen. De ferhalen komme út ferskate Arabyske lannen en diels fan it Yndiaaske subkontinint. Guon ferhalen komme fuort út in Jaïnistyske ferzje út de 5e iuw.[1]

Gedielten fan de ferhalebondel wienen yn Europa al bekend yn de 18e iuw. De oarspronklike ferhalen wienen eroatysk kleure. Dêrtroch waard it ferhaal yn de Arabyske wrâld oant yn de 20e iuw net as wiere literatuer sjoen, oars as yn Europa. Doe't de Britske avontoersman en ûntdekkingsreizger Richard Francis Burton yn 1850 in folsleine, mar earbere oersetting publisearre, waard hy fan pornografy beskuldige.

Yn letter tiden (1885-1888) waarden de ferhalen útjûn sûnder de eroatyske dielen en waarden se populêr as mearkes foar bern en folwoeksenen. Soks barde oars mei hast alle mearkes, soks is bygelyks dúdlik te merkbiten yn de ferskate printingen fan Kinder- und Hausmärchen, wêrby't de seksuele eleminten yn lettere útjeften symboalysk beskreaun wurde. Nammers befette de samling mearkes fan de bruorren Grimm yn eardere printingen mear mearkes út Tûzen-en-ien Nacht as yn lettere printingen, dêr't dy dêr't de Nederlânske oersetting op basearre is, ûnder binne. Dy waarden weilitten omt se net út it Dútske gebiet kamen. Dat barde bygelyks ek mei mearkes dy't opnomd wienen yn de bondel fan Charles Perrault).

Dochs binne de ferhalen út Tûzen-en-ien Nacht net allinnich pornografysk fan aard. Yn de bloeitiid fan de islam hantearre de mûllah dizze ferhalen om syn harkers in les te jaan. Troch de tiid hinne waard it ek folksterapy. In Perzyske arts en psychoterapeut hat de ferhalen brûkt yn de psychosomatyske genêskunde foar it behanneljen fan konflikten en terapeutyske situaasjes. Yn it boek De Keapman en de Pappegaai makke hy de tapassing fan dizze ferhalen tagonklik foar de lêzer.

De meast ferneamde ferhalen dy't assosjearre wurde mei Tûzen-en-ien Nacht, binne:

It is iroanysk dat dat krekt de ferhalen binne dy't oarspronklik net yn 'e samling foarkamen, en dy't tafoege binne troch de earste oersetter, de Frânske oriïntalist Antoine Galland, dy't tusken 1704-1717 yn tolve dielen de earste Westerske fertaling fan 'e samling publisearre.

Minder bekende ferhalen binne:

  • De Fisker en de Geast
  • Prins Achmed en de Fee Pari Banû
  • De Bochel
  • Prins Kamar Alzaman en Boedoer
  • Abûkier en Abûzier (Abu Kir en Abu Sir)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch Emmanuel Georges Cosquin, 1922, Les contes indiens et l’occident Paris: Champion pagina: 290-301