Sân lêste wurden fan Jezus
De Sân lêste wurden fan Jezus binne sân útspraken dy't Jezus die doe't er krusige waard en dy waarden yn de fjouwer kanonike evangeeljes neamd. Tradisjoneel waarden dy útspraken "wurden" neamd. Trije fan dy útspraken komme allinnich yn it Evangeelje fan Lukas foar en twa dêrfan komme allinnich yn de Evangeelje fan Jehannes foar. In oare útspraak komt foar yn de Evangeeljes fan Mattéus en Markus en wer in oare útspraak waard yn it Evangeelje fan Jehannes neamd en dêr waard yn de Evangeeljes fan Mattéus en Markus nei ferwiisd. Yn de Evangeeljes fan Mattéus en Markus gûlde Jezus ta God, yn de Evangeelje fan Lukas ferjoech er syn moardners, fersekere er Dismas, de goede dief, en betroude syn geast ta syn Heit, en yn de Evangeelje fan Jehannes prate er mei syn mem, sei er dat er toarst hie en ferklearre de ein fan syn libben op ierde.
Sûnt de sechtjinde iuw waarden dy útspraken in soad yn preken op Goedfreed brûkt en folsleine boeken waarden der oer skreaun. De Sân lêste wurden fan Jezus foarmje in wichtich part fan de liturgy yn de Katolike, Protestantske en Anglikaanske tsjerken
De sân wurden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sân wurden foarmje in part fan de kristlike meditaasje dy't gauris brûkt wurdt yn de Fêsteltiid, de Goede Wike en Goedfreed. De tradisjonele folchoarder fan de wurden binne:
1. Lukas 23:34: Heit, ferjou it harren, want se witte net wat se dogge.
2. Lukas 23:43: Wier, Ik sis jo, Hjoed sille jo mei My yn it Paradys wêze.
3. Jehannes 19:26–27: Frou, dat is jo soan. (Tsjin de learling) Dat is dyn mem.
4. Mattéus 27:46 en Markus 15:34: Myn God, Myn God, wêrom hawwe Jo My ferlitten?
5. Jehannes 19:28: Ik haw toarst.
6. Jehannes 19:30: It is folbrocht.
7. Lukas 23:46: Heit yn Jo hannen betrou Ik Myn geast.
Tradisjoneel binne dy sân útspraken de wurden foar 1. It ferjaan, 2. De ferlossing, 3. Relaasje, 4. Ferlitting, 5. Need, 6. Oerwinning en 7. Weriening.
De sân lêste wurden komme dus foar yn alle fjouwer evangeeljes meiïnoar en wurde net alle sân yn ien evangeelje neamd. Yn de Evangeeljes fan Mattêus en Markus wurdt Jezus sitearre yn it Arameesk. Yn it Evangeelje fan Lukas komme de earste, de twadde en de sânde wurden foar. Yn it Evangeelje fan Jehannes komme de tredde, fyfde en sechde wurden foar.
- Yn de Evangeeljes fan Mattéus en Markus:
- "Myn God, Myn God, wêrom hawwe Jo My ferlitten?": Eli, Eli, lema sabachtani? (Mattéus), Eloï, Eloï, lema sabachtani? (Markus).
- Yn it Evangeelje fan Lukas:
- "Heit, ferjou harren, want se witte net wat se dogge"
- "Wier, Ik sis jo, hjoed sille jo mei My yn it Paradys wêze" (tsjin ien fan de dieven dy't mei him krusige waarden)
- "Heit, yn Jo hannen betrou Ik Myn geast" (lêste wurden)
- Yn it Evangeelje fan Jehannes:
- "Frou dit is jo soan" (tsjin Marije, de mem fan Jezus, ferwizend nei himsels of nei in learling dy't er leaf hie en in opdracht tsjin de learling sels)
- "Ik haw toarst" (justjes dêrfoar waard Jezus in wiete spûns, dy't yn alle fjouwer evangeeljes neamd waard, oanbean)
- "It is folbrocht" (lêste wurden)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Sayings of Jesus on the cross |