Sâlte Grêft

Ut Wikipedy

De Sâlte Grêft is in wetter tusken de Griene Dyk en de Nije Wjittering. Oarspronklike stie de Sâlte Grêft yn ferbining mei de Nije Wjittering, en rûn er oan de oare kant fan de Griene Dyk fierder nei de Krúsbrekken. Mar beide einen binne no ôfsletten. De Sâlte Grêft stiet al yn ferbining mei de Lekmar. De Sâlte Grêft leit yn de gemeente Ljouwert en foarmet de grins tusken de himrik fan Jirnsum en dy fan Tersoal.