Lekmar

De Lekmar is in mar yn de gemeente Ljouwert. It marke leit tusken Abbenwier en de Snitser Mar.
Koai
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op âldere kaarten, lykas yn de Schotanusatlas fan 1718, is te sjen dat de mar earder lytser wie. Fan it súden, fan de Alde Wjittering ôf, wie der in ferbiningsfeart nei de mar fia de Kooisleat. Dy namme wie grif om't der krekt besúden de Lekmar in einekoai wie. De ferbining is der anno 2025 net mear.
Sâlte Grêft
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de mar wie der nei de Sâlte Grêft in ferbining troch in ferkavelingssleat. Dy is wichtiger wurden no't dy de iennichste tagong ta de mar is, mar der is gjin namme apart foar. De sleat wurdt of ta de Lekmar rekkene, of oars sjocht de lokale befolking de sleat as in part fan de Sâlte Grêft.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Lekmar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Lekmeer.