Sytsmastate

Ut Wikipedy

Sytsmastate ek: Sytjamastate of Sytzamastins, wie in state yn Huzum yn de gemeente Ljouwert. Der is neat fan de state werom te finen.

Yn 1492 is Schelto Sytjama (Fan Sytzama) eigener fan de state. Yn dat jier wurdt de stins yn de striid tusken Skier en Fet fernield troch de fetkeaperske Grinslanners. Skelte sil dus grif in oanhinger fan de Skieringer partij west hawwe. De stins is nei alle gedachten net wer opboud.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: