Springe nei ynhâld

Syp Wynia

Ut Wikipedy
Syp Wynia
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 4 febrewaris 1953
berteplak Spannum
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt Sjoernalist, kollumnist en opinymakker
reden
  bekendheid
Elsevier, Buitenhof en WNL

Sybren (Syp) Wynia (Spannum, 4 febrewaris 1953) is in Nederlânske sjoernalist en kollumnist. Hy is anno 2021 redakteur-útjouwer fan it digitale wykblêd Wynia's Week en it fideokanaal Wynia's Week TV (WWTV) en mei-eigener fan Uitgeverij Blauwburgwal.

Wynia waard berne yn Spannum en groeide op yn Aldegea (Smellingerlân). Yn 'e santiger jierren begûn er syn karriêre as freelancesjoernalist. Dêrneist organisearre er ferskate kulturele eveneminten. Yn de perioade 1980 - 1988 wie Wynia yn tsjinst by it Nieuwsblad van het Noorden, wêrfan't de lêste jierren as sjef keunstredaksje. Fan 1988 oant 1997 wurke er by it Nederlânske deiblêd Het Parool, earst as sjef polityk út De Haach wei. Dêrnei wie er seis jier korrespondint foar Het Parool yn de Belgyske haadstêd Brussel. Fan begjin 2010 oant en mei mids 2011 fersoarge er kollums foar it telefyzjeprogramma Buitenhof en fan de simmer fan 2013 oant ein 2021 wie er fêste gast yn it 'tv-ontbijtprogramma' fan omrop WNL. Fan begjin 2018 oant 2021 wie er rûlearjend 'opinymakker' yn it radioprogramma mei deselde namme op NPO 1.

Fan augustus 1997 oant desimber 2018 wie Wynia redakteur, kommentator en kollumnist fan it Nederlânske opinywykblêd Elsevier. Hy skreau dêr oer ûnderwerpen út de polityk, de ekonomy en de maatskippij yn it algemien, faak yn in ynternasjonale kontekst. Hy skreau by Elsevier - en ek neitiid - in soad oer ymmigraasje, islam, Europeeske Uny, klimaatbelied en finansjeel en ekonomysk belied.

Op 20 desimber 2018 makke er op syn webside bekend dat er syn eigen bedriuw begjinne soe as publisist, adviseur en sprekker en dat er ûntslach naam hie by Elsevier Weekblad.

Yn 2006 ferskynde it boek Zoetzuur, zesenzestig columns uit het land van Balkenende en Bos, in seleksje fan kollums fan de hân fan Wynia. Yn april 2014 ferskynde it boek Vervlogen Visioenen, in bondeling fan 64 kollums en artikels oer de Europeeske ienwurding dy't Wynia de foargeande 15 jier foar Elsevier skreau.
Yn oktober 2014 folge Achter de Dijken - kleine geschiedenis van het moderne Nederland, in bondeling fan Wynia's essays foar Elsevier.
Yn 2020 ferskynde Tegen de onzin, kroniek van de Rutte-jaren by Utjouwerij Blauwburgwal.
Yn novimber 2020 ferskynde Het Beste uit Wynia's Week 2020, in kar út artikels fan Wynia en fan oare skriuwers foar it online magazine Wynia's Week.
Yn novimber 2021 ferskynde Het Beste uit Wynia's Week 2021, in kar út artikels fan Wynia en fan oare skriuwers foar it online magazine Wynia's Week.
Yn maaie 2022 ferskynde De Linkse Kerk. Hoe calvinistisch Nederland steeds dezelfde afslag neemt by Utjouwerij Blauwburgwal, ISBN 9789461853226). Redaksje, mei Henk-Jan Prosman.
Yn febrewaris 2023 ferskynde: 70. Actieve herinneringen aan een gaaf gidsland. 70 hoofdstukken over de woelige jaren twintig van de 21ste eeuw in Nederland Rutteland (foar in part autobiografysk). (Utjouwerij Blauwburgwal, ISBN 9789461853295).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]