Synagoge fan Uzjhorod
Synagoge fan Uzjhorod | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Synagoge | |
boujier | 1904-1910 | |
arsjitekt | Gyula Papp en Ferencs Szabolcs | |
boustyl | Neomoarske styl |
De Synagoge fan Uzjhorod yn de Oekraïne waard op 27 july 27 1904 yn gebrûk nommen yn in tiid dat Uzjhorod noch by de dûbelmonargy Eastenryk-Hongarije hearde.
It neo-moarske gebou waard ûntwurpen troch de arjiteketen Gyula Papp en Ferencs Szabolcs en ferfong in âlder gebou út 1794.
Yn de jierren 1930 wennen der mear as 7.000 joaden yn de stêd en dat wie likernôch in tredde fan it doedestiidske ynwennertal. De joaden hiene in goede ynfrastruktuer mei eigen skoallen en in sikenhûs. Yn 1938 waard Uzjhorod by Hongarije yndield en fanôf dy tiid waarden de joaden beneftersteld. Yn april 1944 waarden de joaden fan Uzjhorod en omkriten (likernôch 25.000 persoanen) op in fabryksterrein bûten de stêd opsluten en trije wike letter nei Auschwitz deportearre.
Alhoewol't de synagoge de ferneatigingsweach fan synagoges yn de Twadde Wrâldkriich oerlibbe, brûkten de Dútsers en de Hongaren de synagoge yn de lêste kriichsjierren as stâl. Mei de ferneatiging fan it Transkarpatyske joadendom en it ferdwinen fan de joadske mienskip yn Uzjhorod, feroare ek de funksje fan de nei de kriich ferinnewearre synagoge. De Sovjet-autoriteiten joegen it gebou oan it Ministearje fan Kultuur fan de USSR en der waard in plan makke om it gebou te renovearjen en oan te passen oan de funksje fan konserthal.
Nettsjinsteande protesten fan joaden dy't út de kampen werom kamen waard útein set mei de ferbouwing, wêrby't alle joadske symbolyk ferwidere waard. Foar it kréearjen fan in seal mei 300 plakken binne de galerijen útbrutsen en krige de glêzen koepel in dak fan tin. De stiennen tafels boppe de gevel binne ferfongen troch in liere. Yn 2012 waard in plakette oanbrocht om de yn de kriich 85.000 fermoarde joaden fan de oblast Transkarpaasje te betinken. It doel is om de glêzen koepel wer te rekonstruearjen.
Al jierren bestiet der tusken de autoriteiten en de joadske mienskip oerlis oer it weromjaan fan it gebou.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|