Synagoge fan Swol

Ut Wikipedy
Synagoge fan Swol
bouwurk
lokaasje
plak Swol
adres Samuel Hirschstraat 8
koördinaten 52° 30' 40" NB, 6° 05' 47" EL
bysûnderheden
type bouwurk synagoge
boujier 1899
arsjitekt F.C. Koch
boustyl eklestysk
kaart
Synagoge fan Swol (Swol-Binnenstêd)
Synagoge fan Swol

De Synagoge fan Swol is in gebedshûs fan de Joadske mienskip yn de Oeriselske haadstêd Swol. It eklestysk gebou bestiet út in seal foar de tsjinst en in bygebou mei in wente dêr yn. It bygebou tsjinnet tagelyk as wintersjoel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1747 oant 1758 wie it gebedsplak fan de Joadske mienskip fan Swol yn in gebou oan de Bitterstraat fêstige. Om't it hierkontrakt net ferlinge wurde koe, seach de mienskip om bougrûn. Yn plak dêrfan krige de mienskip De Librije oan de Broeretsjerkeplein, dy't earder part fan in dominikanekleaster wie, oanbean. Op 6 septimber 1758 waard dat plak ynwijd. Oan de ein fan de njoggentjinde iuw hie De Librije, dy't tichteby de stedsgrêft stei gauris te krijen mei oerstreamings. It gebou rekke a fluch yn it neigean en doe moast de Joadske mienskip, dy't doe al út 600 leden bestie, fannijs op 'e syk nei in plak. De nijbouplannen kamen fannijs út 'e kast.

Yn de Schoutensteeg waarden fiif pannen opkocht dêr't de Swolske arsjitekt F.C. Koch it hjoeddeistige eklestyske gebou nei ûntwurp. It ûntwerp fan de foargevel waard neffens in betinkingsboek út 1924 levere troch de Amsterdamske arsjitekt Isaac Gosschalk. It is mooglik at Gosschalk de haadlinen foar it gebou ûntwurp en dat Koch de útfierend arsjitekt wie. Op 21 july 1899 waard de nije synagoge ynwijd.

Mar in bytsje leden fan de Joadske mienskip yn Swol oerlibben de Twadde Wrâldkriich. It gebou rekke nei de kriich yn it neigean. Tusken 1984 en 1989 waard it gebou restaurearre . Troc in pear planologyske feroarings hat de synagoge hjoed-de-dei as adres Samuel Hirschstraat 8. De strjitte is neamd nei de opperrabbyn Samuel Juda Hirsch (1872-1941) en leit noch hieltud yn it ferlingde fan de Schoutensteeg.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: