Springe nei ynhâld

Synagoge fan Middelburch

Ut Wikipedy
Synagoge fan Middelburch
Tagong ta de synagoge.
Tagong ta de synagoge.
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Seelân
plak Middelburch
adres Herenstraat 14
koördinaten 51°29'N 3°36'E
Arsjitektuer
boujier 1705
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 28953 [1]
Webside
Side Stifting Synagoge
Kaart
Synagoge fan Middelburch (Middelburch)
Synagoge fan Middelburch

De Synagoge fan Middelburch wie de earste synagoge yn Nederlân, dy't bûten Amsterdam boud waard. It gebou waard yn 1705 yn 'e eftertún fan 'e joad Benjamin Levie boud. De yngong is tsjintwurdich yn 'e Herenstraat en wurdt brûkt troch de Joadske Gemeente Seelân.

Yn 1942 waard de synagoge troch de besetter sletten en yn gebrûk nommen foar it opslaan fan foardere radiotastellen. By de befrijing fan Walcheren rekke de synagoge slim skeind troch in Ingelske granaat. Nei de Twadde Wrâldkriich wie der hast gjin joadske mienskip mear en yn 'e rin fan 'e tiid ferinnewearre it gebou ta in púnbult.

De yn 1987 oprjochte "Stifting Synagoge Middelburch", in gearwurking tusken joaden en net-joaden, hie as doel de synagoge wer te rekonstruearjen. De stifting krige de ruïne yn 1991 yn eigendom en mei help fan oerheid en donateurs waard it gebou yn 1994 rekonstruëarre.

De synagoge wurdt hjoed-de-dei wer brûkt foar tsjinsten, mar de romte is multyfunkjoneel en der kinne ek konserten holden wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: