Synagoge fan Irkûtsk
Synagoge fan Irkûtsk
Иркутская синагога | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Irkûtsk | |
plak | Irkûtsk | |
adres | Ul. Karla Libknechta | |
koördinaten | 52° 17' N 104° 17' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Vladislav Andrejevitsj Kûdelski | |
boujier | 1878—1879 | |
boustyl | Klassisisme | |
monumintale status | Monumint fan regionaal belang | |
monumintnûmer | 3800572000 | |
Webside | ||
jewishirk.com | ||
Kaart | ||
De Synagoge fan Irkûtsk (Russysk: Иркутская синагога; Irkûtskaja sinagoga) is in synagoge oan de Ul. Karla Libknechta (Karl Liebknechtstrjitte) yn Irkûtsk, Ruslân.
It gebou waard yn opdracht fan de joadske mienskip neffens it plan fan de Irkûtske arsjitekt Vladislav Andrejevitsj Kudelski boud. It twa ferdjippings tellende gebou hat in T-foarmich grûnplan. It haadgebou sjocht út op de Karl-Liebknechtstrjitte. De synagoge is in kultureel-histoarysk monumint út it lêste diel fan de 19e iuw.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fergunning foar de bou waard yn april 1878 ôfjûn. De bou avensearre goed en al op 5 april 1879 waard in earste tsjinst holden. Noch yn itselde jier fûn in brân plak en de restauraasje dêrnei wie yn 1882 foltôge.
Yn 1920 waard de synagoge ûnteigenene en yn 1932 (of 1933) sletten. De rike bibleteek fan de synagoge gyng yn dy tiid hielendal ferlern.
It gebou waard yn 1945 (of 1947) foar in diel weromjûn, mar it duorre oant 1981 dat der wer tsjinsten holden waarden. Yn 1990 folge de weromjefte fan it hiele gebou oan de joadske gemeente fan Irkûtsk.
Op 27 july 2004 fûn, op de dei dat de joaden de ferneatiging fan de timpel betinke, der wer in brân plak yn de synagoge, werby't de hiele ynrjochting ferlern gyng. Joaden oer de hiele wrâld sammelden foar de restauraasje jild yn, dy't op 25 maart 2009 foltôge waard.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan de 20e iuw foarmen de joaden likernôch 10% fan de Irkûtsker befolking. Dêrmei wie it de op ien nei grutste konfesjonele en de tredde etnyske groep fan Irkûtsk. Oan de basis fan de mienskip stiene ferballe minsken en joaden dy't it rjocht kirgen om harren yn it hiele Russyske Ryk nei wenjen te setten. Yn Irkûtsk ûnstie in spesjale joadske mienskip, de saneamde Sibearyske joaden. Hja fielden harren frijer yn de omgong mei oare groepen, mar holden harren tagelyk oan de tradysjes fan it eigen leauwe.
Oan it begjin fan de 20e iuw waarden ferskillende deportaasjes fan Joaden út Irkûtsk útfierd, om't oannommen waard dat de joaden sosjale ûnrêst en revolúsjonêre tinkbylden feroarsaken. Ek de Sovjet-tiid dy syn wurk en tsjin it ein fan de 20 iuw bestie de mienskip noch út likernôch 300 minsken.
Yn maaie 1998 waarden yn Irkûtsk op de twa joadske begraafplakken grêven fernield en moast de plysje de synagoge en de begraafplakken beweitsje. De réaksje fan de mienskip wie: 'It hat altiten al sa west. Lit se mar fjochtsje tsjin de deaden, it binne gewoan domme minsken.'[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Иркутская синагога
|