Springe nei ynhâld

Synagoge fan De Gordyk

Ut Wikipedy
Synagoge fan De Gordyk
Lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Opsterlân
plak De Gordyk
adres Langewâl
koördinaten 53° 00'N 6° 04'W
Arsjitektuer
boujier 1807-1807
sloopjier 1953
Kaart
Synagoge fan De Gordyk (Fryslân)
Synagoge fan De Gordyk

De Synagoge op 'e Gordyk wie in synagoge dy't fan 1807 oant en mei 1953 oan de Langewâl stie.

De synagoge waard yn 1806-1807 boud foar de joadske mienskip op 'e Gordyk en op 4 april 1807 yn gebrûk nommen.

Ynterieur

Op it timpaan fan it neoklassisistyske gebou stie yn it Hebriuwsk de earste wurden fan it gebed Ma Tovoe: מה טבו אהליך יעקב, משכנותיך ישראל, oerset: 'Wat binne dyn tinten kostlik, Jakob, en dy wenten, o Israel' (Numeri 24:5). Sûnt de lêste foargonger yn 1919 ferhûze wie de synagoge net in soad mear yn gebrûk. It tal joaden op 'e Gordyk wie al fier foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich troch ferhûzingen bot ôfnommen. De lêste tsjinst waard yn 1937 fierd.

Oars as de lêste joaden fan 'e Gordyk kaam de synagoge de oarloch goed troch. De ynvintaris wie nei de befrijing noch yntakt. Allinne in kiste mei tsjerkesulver wie yn 1943 troch de Dútsers yn beslach nommen. Nei't der nei de holocaust hast gjin joaden mear op 'e Gordyk wiene, waard de joadske gemeente yn 1948 opheft en by dy fan Ljouwert foege.

It gat yn de bebouwing oan de Langewâl dêr't de synagoge stie mei rjochts it hûs fan foar de joadske ûnderwizer út 1817

Yn 1949 waard de gemeente Opsterlân eigner fan it gebou en dy liet de synagoge yn 1953 fanwegen brekfalligens ôfbrekke. It ynterieur ferhûze nei de lytse synagoge dy't yn Ljouwert ynrjochte waard en de Torahrollen binne nei Israel gien. It noch besteande hûs (Langewâl 52) njonken de synagoge út 1817 wie foar de joadske ûnderwizer boud en bleau bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: