Sybrand Witteveen
Appearance
Sybrand Witteveen (Mitselwier, 17 novimber 1823 - Eaststellingwerf, 8 july 1893) wie in Frysk boargemaster.
Witteveen wie in soan fan mr. Frederik Witteveen, notaris, en Jacoba Geertruida Talma. Hy studearre rjochten en waard om 1850 gemeentesekretaris fan de gemeente East-Dongeradiel. Hy wie dêr letter gemeenteriedslid en sûnt 1865 boargemaster. Yn 1873 boaske hy yn Beusichem mei Carolina Janette Jacoba van der Veur (1846-1891). Mr. Witteveen waard yn 1877 boargemaster fan Wymbritseradiel. Yn 1880 krige hy earfol ûntslach, hy waard opfolge troch Michiel Hylkes Tromp.